Frijsinnich Demokratysk Bûn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Frijsinnich Demokratysk Bûn wie in politike partij dy't oprjochte waard op 17 maart 1901. De partij kaam diels fuort út de Liberale Uny en diels út de Radikale Partij 1888-1901).

Doel wie Algemien Kiesrjocht en sosjale herfoarmings, frouljuskiesrjocht en trochfiering fan etyske polityk yn Nederlânsk East-Ynje. It bûn wie letter foar iensidige ûntwapening, wat harren skiede fan de liberalen. De partij is altiten lyts bleaun ('in soad generaals en gjin soldaten'). It oantal Frijsinnich Demokratyske Bûnsleden yn Fryslân wie mar hiel lyts. Foar de Earste Wrâldoarloch hie it FDB trije ôffurdigen yn de Provinsjale Steaten. Tusken de Earste- en de Twadde Wrâldoarloch klom dit oantal nei seis. Op de foargrûn treden Jan Wuite, G. Ritmeester en Gauke Boelens. Yn 1946 is it bûn opgien yn de Partij fan de Arbeid.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: