Frekwintfleanerprogram

Ut Wikipedy

In frekwintfleanerprogram (Ingelsk: frequent flyer program) is in loyalensprogram dat oanbean wurdt troch in protte loftfeartmaatskippijen, mei as doel minsken dy't faak fleane oan harren te binen. Dielnimmers kinne meastentiids punten garje troch mei de oangeande maatskippij te fleanen. Mei mear punten krijt hja mear privileezjes, lykas foarrang by it tawizen fan stuollen en it rjocht om ekstra bagaazje mei te nimmen.