Frederick Manfred

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Frederick Feikema Manfred (Doon, Iowa 6 jannewaris 1912Luverne, Minnesota, 7 septimber 1994) wie in ferneamd skriuwer fan westerns. Manfred syn romans binne nau ferbûn mei de regio dêr't er berne waard. Syn ferhalen spylje harren ôf yn de Amerikaanske Midlands en de prairies. It gebiet dêr't de grinzen fan Minnesota, Iowa, Súd-Dakota en Nebraska byinoar komme joech er syn namme, "Siouxland."

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Manfreds hûs bûten Luverne, no foarljochtingssintrum fan it Blue Mounds State Park

Manfred, berne as Frederick Feikes Feikema VII wie tredde generaasje Fries om utens. Hy publisearre syn earste boeken ûnder de namme Feike Feikema. Hy de âldste fan in húshâlding mei seis bern, allegear jonges.

Manfred waard grutbrocht yn it ortodoksk fermidden fan de Christian Reformed Church dêr't er him stadichoan fan losmakke.

Yn 1937 wurke Manfred as sportferlachjouwer foar The Minneapolis Journal. In stikmannich jierren letter krige er dien fanwege syn belutsenens by in fakbûnsorganisaasje. In hoart dêrnei krige er tuberkuloaze en moast er kuere yn it Glen Lake Sanatorium yn Oak Terrace, Minnesota, dat wie april 1940. Yn it sanatoarium moete er Maryanna Shorba dy't letter syn frou wurde soe. Manfred ferliet it sanatoarium yn 1942 en krige wurk yn de staf fan Modern Medicine en waard assistint-kampanjelieder foar Hubert Humphrey, gadingmakker foar it boargemastersip fan Minneapolis. Dy tiid ferwurke er yn syn boek Boy Almighty, dat er as Feike Feikema publisearre.

Manfred publisearre The Primitive, de earste roman út syn World's Wanderertrilogy yn 1949. It wurk krige frijwat minne kritiken; de twa folgjende boeken yn de trilogy, The Brother (1950) en The Giant (1951), waarden better ûntfongen, mar it hold net oer. Yn 1952 besluet Manfred om syn namme Frederick Feikema te feroarjen yn Frederick Feikema Manfred; Frederick Manfred waard syn skriuwersnamme. Lord Grizzly, de earste fan The Buckskin Man Tales, wie it earste wurk dat ûnder de nije namme útbrocht waard. It wie in bestseller en helle yn 1954 de finale foar de National Book Award. De "Buckskin Man Tales" binne de romans Lord Grizzly, Conquering Horse, Scarlet Plume, King of Spades en Riders of Judgment.

Manfred studearre oan it Calvin College yn Grand Rapids, Michigan.

Yn de jierren 70 en 80 wie Manfred writer-in-residence oan it English Department fan de Universiteit fan Súd-Dakota. Neffens syn dochter Freya Manfred, waarden in protte fan syn studinten letter sels skriuwer.

Manfred stoar yn Luverne, Minnesota yn 1994 oan in breintumor yn de âldens fan 82 jier.

Fiksje[bewurkje seksje | edit source]

Net-fiksje[bewurkje seksje | edit source]

The Wind Blows Free, in ferhanneling oer de Dust Bowl, Conversations with Frederick Manfred en Prime Fathers en Duke's Mixture, karlêzing fan Frederick Manfreds essays.

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Robert C. Wright, Frederick Manfred (Twayne's United States Authors series ; TUSAS 336)