Frede fan Moskou (1940)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De gebieten dy't Finlân yn 1940 ôfstean moast

De Frede fan Moskou wie it fredesferdrach tusken Finlân en de Sovjet-Uny dat de ein markearre fan de Winterkriich.

It ferdrach waard tekene op 12 maart 1940, ien oere yn de nacht fan 13 maart Finske tiid. By dizze frede moast Finlân in diel fan Karelië ôfstean, wêrûnder de hiele Mannerheimliny, de eilannen Suursaary, Tytärsaary, Lavansaary, Seiskary yn de Finske Golf en de stêd Vyborg (Finsk: Viipuri), destiids de twadde stêd fan Finlân. Fierders yn it noarden gedielten fan de gemeenten Salla en Kuusamo en yn it uterste noardeasten it westlike gedielte fan it Roebatsji-skiereilân (Kalastajasaarento), wêrfan de oare helte al by de USSR hearde. It moast boppedat de basis Hanko oan it begjin fan de Finske Golf foar tritich jier ferhiere oan de Sovjet-Uny. De hiele Finske befolking fan de gebieten waard nei Finlân evakuearre; foar de oarloch bestie dy út ûngefear 422.000 minsken. Yn totaal ferlear Finlân 35 000 km² oan de Sovjet-Uny, 10% fan syn oerflak.

De fernederjende fredesbetingsten rôpen sa'n sterk ressentiment op dat Finlân as bûnsgenoat meidie oan de Dútske Operaasje Barbarossa en de gebieten yn 1941 werovere. Yn 1944 moasten se wer ofstien wurde, mei útsûndering fan Hanko, mar mei Petsjenga (destiids Finsk: Petsamo), wat bekrêftige waard yn de Frede fan Parys yn 1947.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]