Fred Ramdat Misier

Ut Wikipedy
L.F.Ramdat Misier

Lachmipersad Frederik (Fred) Ramdat Misier (Paramaribo, 28 oktober 1926 – dêre, 27 juny 2004) wie fan 1982 oant 1988 waarnimmend presidint fan Suriname.

Ramdat Misier studearre rjochten en gie oan it wurk as amtner foar de griffy fan Paramaribo. Maaie 1952 waard er Haad fan it Buro Fergese Rjochtsbijstand fan Suriname. Yn 1961 waard hy waarnimmend griffier fan it kantongerjocht yn Utert. Fan 1961 oant 1963 wie er waarnimmend lid fan it Surinaamske Hof fan Justysje en fan 1963 ôf lid fan it Hof fan Justysje. Nei de ûnôfhinklikens fan Suriname waard Ramdat Misier ficepresidint fan it Hof fan Justysje. Neffens in bepaling yn de grûnwet fan Suriname, moast de (fice)presidint fan it Hof nei in hommels ôfgean fan in steatspresidint, waarnimmend presidint fan de republyk wurde. Sa'n tastân ûntstie febrewaris 1982, doe't presidint Henk Chin A Sen nei skeel mei legeroanfierder Bouterse ôfgie. Ramdat Misier folge him op as presidint fanwege de grûnwet.

Ramdat Misier wie waarnimmend presidint oant febrewaris 1988, doe waard Ramsewak Shankar presidint.

Fred Ramdat Misier stoar yn de âldens fan 77 jier.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]