Freark III fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Freark III.

Freark III (21 septimber 1415, Innsbruck19 augustus 1493, Linz), fan it Hûs Habsbuorch, wie fan 1440 ôf kening fan Dútslân en fan 1452 oant 1493 keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Fredrik waard berne yn 1415 as soan fan Ernst I en Cymburgis van Masovië. Hy folge yn 1424 syn heit op as hartoch fan Eastenryk (yn de Leopoldyske-Innerösterreich line) as Freark V. Yn 1440 waard hy ta kening fan Dútslân keazen as Freark IV en opfolger fan Albrecht II.

Yn 1452 troude Freark mei prinses Eleonora Helena fan Portegal, har breidsskat helpe him by syn finansjele problemen. Yn datselde jier waard hy yn Rome troch Paus Nikolaas V kroand ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Freark III hie tal fan tsjinstanners yn de striid om de macht. Freark III hat yn syn lange regearperioade nea in fjildslach wûn, hy besocht op oare manearen syn macht te fergrutsjen. Sa hold hy syn neef Ladislaus Posthumus, de erfopfolger fan Albrecht V, lange tiid finzene mei de bedoeling de kontrôle oer Neder-Eastenryk te behâlden. Yn 1452 waard Ladislaus frijmakke troch eallju út Neder-Eastenryk.

Uteinlik soe hy syn tsjinstanners oerlibje. Yn 1457 stoar Ladislaus Posthumus doe’t der 17 jier wie. Fan him erfde hy Neder-Eastenryk. Dêrnei ferstoar yn 1463 Albert VI fan wa hy Opper-Eastenryk erfde.

Súkses hie Freark III ek by it sykjen fan in houlikspartner foar syn soan en opfolger Maksimiliaan I. Nei dat Karel de Stoute it stedsje Neuss fan july 1474 oant juny 1475 belegere hie, gie Freark III de ûnderhannelings oan mei Karel de Stoute. Freark III krige it houlik fan Maksimiliaan mei de dochter en erfgenaam fan de hartoch fan Boergonje, Maria fan Boergonje, foar elkoar. Sa soarge Freark III foar in grutte útwreiding fan it kroandomein fan it Habsbuorchske Hûs.

It grêfmonumint fan Freark III.

Freark stoar doe’t er 77 wie nei in mislearre besykjen om syn lofterfoet dêr ôf te heljen. Omdat Freark syn soan Maksimiliaan I sûnt 1490 de hearsker wie oer Tirol en Foar-Eastenryk, wie it Habshuorchske Ryk op it stuit dat Freark III ferstoarn foar it earst sûnt de opsplissing mei it ferdrach fan Neuberg yn 1337 wer kompleet.

It grêfmonumint fan Freark III, dat boud waard troch Nikolaus Gerhaert von Leyden, yn de Stephansdom yn Wenen, is ien fan de meast ferneamde wurken fan skulptueren út de lette Midsieuwen. Syn amputearre foet is mei syn lichem ferbrând.

Bern[bewurkje seksje | edit source]

  • Kristophorus (16 novimber 1455 - 21 maart 1456)
  • Maksimiliaan I (22 maart 1459 - 12 jannewaris 1519)
  • Helena (3 novimber 1460 - 28 febrewaris 1461)
  • Kunigûnde (16 maart 1465 - 6 augustus 1520), troude yn 1487 mei Albrecht IV fan Beieren
  • Johann (9 augustus 1466 - 10 febrewaris 1467)