Frans van der Beek

Ut Wikipedy
Frans van der Beek by de presintaasje fan it "Volendam Song- en Stripboek" dat hy mei Charles van den Broek makke

Frans van der Beek (Ljouwert, 3 febrewaris 1947) is in Nederlânske sjoernalist en konseptbetinker. Van der Beek begûn nei syn skoaloplieding en militêre tsjinst as ferslachjouwer by it regionale deiblêd De Gooi- en Eemlander yn Hilfertsom op de streek- en de keunstredaksje. By Radio Veronica presintearre hy yn dy tiid de 'Frans van der Beek Show' en wie hy einredakteur fan it Veronicablêd.

Yn 1975 waard hy parsefoarljochter en programmamakker by de Veronica Omrop Organisaasje. Yn 1978 gie Van der Beek foar twa jier nei VNU, dêr't hy as freelance-sjoernalist foar mear as ien media- en reklamebureaus oan it skriuwen gie. Yn 1983 begûn hy syn eigen útjouwerij en it tydskrift Schrijven.

Wyls skreau hy 22 boeken oer in ferkaat oan ûnderwerpen. Yn 1973 skreau hy tegearre mei Telegraaf-sjoernalist Berry Zand Scholten it boekje Veronica, speelbal der golven. Ek skreau hy yn 1987 it boek Ronnie Brunswijk; dagboek van een verzetsstrijder. Yn 1996 organisearre hy syn earste tema-eksposysje Koe & Kunst yn de Beurs fan Berlage yn Amsterdam, folge troch 'Lang Leve de Koningin' en 'Het Jezus Mysterie'. Fan dy eksposysjes brocht hy keunstboeken út.