Frans fan Anjou

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frans fan Anjou

Frans Hercules (of François-Hercule) van Valois (Parys, 18 maart 1555 - Château-Thierry, 10 juny 1584), Hartoch van Anjou, wie de jongste soan fan kening Hindrik II fan Frankryk en Katharina de Medici. Hy wie de jongere broer fan de Frânske keningen Frans II, Karel IX en Hindrik III en groeide as katolyk op yn de tiid fan de eskalearjende hugenoaten oarloggen dêr't Spanje en Ingelân har ek yn minge soenen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

By syn berte krige hy de titel hartoch fan Alencon, mar by de troansbestiging fan syn broer Hindrik yn 1575 naam hy syn oarspronklike titel hartoch fan Anjou oer. Hy waard no de earstfolgjende yn de line fan de Frânske troan. Dat hy as kroanprins fan in grut lân dat tsjinwicht biede moast tsjin Spanje soe syn fierdere libben bepale.

Yn 1579 gie hy nei Ingelân foar in polityk houlik mei Elizabeth I fan Ingelân. Sy mocht wol oer him, mar hy wie 22 jier jonger en boppedat katolyk. Dat foel net goed by it Ingelske folk, dêr't by kaam dat syn mem Catharina haadferantwurdlike wie foar de romrofte Bartelomeusnacht yn 1572. De Ingelsken woenen soksoartige problemen net hawwe. De ferloving levere him de bynamme op “myn kikkertsje”. Ek hat Elizabeth persoanlik in gedicht skreaun oan him mei de namme "On Monsieur’s Departure" mar lang om let draaide it op niks út.

Yn 1581 kaam Frans fan Anjou nei de Nederlannen. Hy waard troch de Steaten-Generaal oansteld as soeverein foarst. De opstannelingen hopen dat de Frânsen harren soenen mingen yn de kriich tsjin Spanje. Frans fan Anjou easke dat de Nederlânen har ûnôfhinklik ferklearje soenen fan Spanje. Dat wie ek logysk omdat hy binnen helle wie om as soeverein foarst te regearen. Dus dat barde yn 1581 mei de Akte fan Ferlatinghe. Mar de kar foar Anjou wie dôchs in fersin. De hartoch dy’t net in soad politike macht krigen hie, hâlde him mear dwaande mei feesten as mei it regearen. Ek hjir wurke it feit dat hy katolyk wie net mei. Doe't yn 1582 in oanslach plege waard op it libben fan Willem fan Oranje tochten in soad minsken dat Anjou der wat mei te krijen hie.

Teloarsteld yn syn by rol, beslute Frans fan Anjou om syn macht te fergrutsjen. Yn jannewaris 1583 waarden inkele stêden yn Flaanderen en Brabân folset mei Frânske garnisoenen. Dit om dêrnei de grutste Nederlânske stêd Antwerpen by ferrassing yn te nimmen. De ynwenners hienen de Spaanske fuery fan 1576 noch farsk yn it ûnthâld en hienen dan ek net folle op mei al dy bûtenlânske soldaten. Sy freesden in Frânske fuery. De 1500 man sterke striidmacht waard yn in mûklaach lokke en gruttendiels ôfslachte. De posysje fan Anjou wie net langer hâldber. Anjou ferliet derop de Nederlannen yn juny 1583. Hy ferstoar op 10 juny oan tuberkuloaze. Mei syn dea wie it ôfrûn mei de Frânske stipe foar de opstân.