Frans Julius Johan van Eysinga (1818)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frans Julius Johan van Eysinga.

Jonkhear Mr. Frans Julius Johan (Frans) van Eysinga (Wommels, 31 desimber 1818 - Ljouwert, 16 april 1901) wie in keamerlid, rjochter en politikus.

Van Eysinga wie in rike Fryske ealman dy't parlemintêr rekordhâlder is wat sittingsduer oanbelanget: mar leafst 44 jier makke hy diel út fan de Earste Keamer. Hy wie ek acht jier foarsitter fan de Senaat. Hy wie de opfolger fan J.A.G. baron de Vos van Steenwijk. Neist syn Keamerlidmaatskip wie hy lâneigner en rjochter, en beklaaide hy ferskate funksjes op watersteatkundich mêd. Hy wie in typyske regiofertsjintwurdiger, dy't each hie foar de belangen fan Fryslân. Hy spile yn 1868 in grutte rol by it besykjen om de politike krisis op te lossen. Van Eysinga hie grutte belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer en wie beskermhear fan ferskate ferienings op dat mêd. Yn de Earste Keamer waard hy opfolge troch W.A.A.J. baron Schimmelpenninck van der Oye

Syn soan Idzerd Frans van Humalda van Eysinga wie letter lid fan de Twadde Keamer foar de Kappeynianen.