Frans Hemsterhuis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Romein erfl Hemsterhuis.gif

Frans (of François) Hemsterhuis (Frjentsjer, 27 desimber 1721 - De Haach, 7 july 1790) wie in Fryske filosoof. Hy wie de soan fan heechlearaar Grysks Tiberius Hemsterhuis en fan Cornelia Maria de Wilde.

Jeugd en oplieding[bewurkje seksje | edit source]

Frans Hemsterhuis groeide op yn Frjentsjer en ferhuze yn 1740 nei Leien, doe't syn heit dêr heechlearaar waard. Hy moat dêr kolleezjes folge hawwe, mar pas op 24 juny 1747 skreau hy him yn as studint wiskunde. Hy kaam hjir yn de kunde mei Petrus Camper (1722-1789), dêr't er syn hiele libben mei befreone bliuwe soe en mei wa't er in belangstelling foar wiskunde en natuerwittenskip dielde. Yn Leien die Hemsterhuis û.o. by David Ruhnken syn leafde op foar Plato. Hy fette ek in grutte ferearing op foar Socrates, dy't er oant bepaalde hichte imitearre. It levere him letter de bynammen ‘Haachske Plato’ en ‘Bataafske Sokrates’ of 'Fryske Sokrates' op.

Betrekkingen[bewurkje seksje | edit source]

Hy kaam by it koprps fan de sjeny, en besocht yn opdracht fan it korps ± 1751 Parys en de mynboukundige akademy yn Clausthal yn it Harzberchtme. Hy waard konservator fan de steedhâlderlike pinningen- en antikiteitenkolleksje en krige dêrtroch kontakten oan it hof yn De Haach. Yn 1755 waard hy sekretaris fan de Ried fan Steate, dêr't er oant syn pinsjonearring yn 1780 wurkjen bleau. Hy ferhuze yn desimber 1755 nei De Haach en bleau d6er oant syn dea yn 1790 wenjen.

Eerste geskriften[bewurkje seksje | edit source]

Hemsterhuis skreau net folle. Hy skreau yn it Frânsk. Meastal skreau hy op fersyk en fersprate syn wurk yn lytse oplagen ûnder freonen. Syn earste wurken wienen yn de foarm fan in brief en gienen oer de estetika: Lettre sur une Pierre antique (1762) en Lettre sur la Sculpture (1769). Ek skreau hy oer geometryske en natuerwittenskiplike ûnderwerpen. Yn de natuerwittenskip bewûndere hy benammen Newton. Syn earste filosofyske wurk wie de Lettre sur l’Homme et ses Rapports (1772). Hy toande him dêryn net ateïstysk, mar sette him krekt ôf tsjin de Frânske materialistyske filosofen. Hy leaude yn in skieding tusken lichem en siel. Oan it lichem binne de lichaamlike sintugen ferbûn, oan de siel is neffens him in ‘moreel orgaan’ ferbûn, dat de boarne is fan alle minsklike deugden en dat kennis fan it Opperwêzen mooglik makket. Dy kennis soe groeien gean kinne neigeraden de siel mear yn oerienstimming brocht wurdt mei de godlike harmonij yn it universum.

Relaasje mei prinses Amalia fan Gallitzin[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1775 learde Hemsterhuis Amalia fan Schmettau, prinsesse fan Gallitzin (1748-1806) kennen, dy't by him studearre. Hja wie de frou fan de Russyske gesant oan it steedhâlderlik hof. Yn 1776 skiede se fan har man en yn de jierren 1776-1779 wene se mei har twa bern op in bûtenpleats yn it buorskip Eikenduinen by Scheveningen. Hemsterhuis hie in ynlike freonskip mai har, besocht har faak en hie petearen mei har oer filosofy en religy. As wjerslach fan de gesprekken ûntstie Hemsterhuis syn earste Platonyske dialooch Sophyle ou de la Philosophie (1778). Doe't prinsesse fan Gallitzin yn 1779 nei Münster ferhuze, besleat Hemsterhuis net mei har mei te gean. Wol besocht hy har in oantal kearen yn Dútslân, en skreaunen se elkoar hast alle dagen brieven, wêryn't hy har Diotima (nei de learmeasteresse fan Sokrates út Plato syn Symposium) neamde en hja him Sokrates. Der binne mear as tûzen fan dizze brieven fan Hemsterhuis bewarre bleaun.

Skiednisopfetting[bewurkje seksje | edit source]

Hemsterhuis hie in syklyske opfetting fan de wrâldskiednis, dy't hy útiensette yn de foarm fan in Platonyske dialooch: Alexis ou de l’âge d’or (1787). Krektas planeten yn in aairûne baan om de sinne draaie, sa soe neffens him de minsklike kultuer yn in ellips om har ideale middelpunt draaie. Op it momint dat dy kultuer it tichtst by it middelpunt is, hearsket der in gouden tiid. De foarrige gouden tiid wie neffens Hemsterhuis yn de tiid fan de Griken, oankundige troch de Egyptners en Etrusken. Nei de Griken gie de kultuer fia de Romeinen efterút om yn de Midsieuwen in djiptepunt te berikken. Dêrnei sette in ferbettering yn dy't fia de Renêssânse útmûne yn syn eigen tiid, in hichtepunt as de gouden tiid fan de Griken.

Bekendheid[bewurkje seksje | edit source]

Hy krige benammen yn Dútslân in soad oanhing. Al yn 1771 fertaalde Herder syn Lettre sur les désirs yn it Dútsk, mar benammen de prinsesse Fan Gallitzin die in soad foar de fersprieding fan syn ideeën en wurk. Yn 1785 brocht hy mei har in besite oan Weimar, dêr't hy ûnder oaren Goethe, Herder en Wieland kennen learde.

Op 7 july 1790 ferstoar Hemsterhuis. Hy waard begroeven yn de Piterstsjerke yn Leien oan de noardkant fan it middenskip. Doe't om 1860 de grêven allegear sekuer optekene waarden, wie syn stien al net mear te werkennen.

Grêfmonumint foar de medikus Boerhaave yn de Piterstsjerke yn Leien, nei in ûntwerp fan Hemsterhuis. [1]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Neist syn geskriften krige Hemsterhuis ek bekendheid as ûntwerper fan it grêfmonumint ffoar Herman Boerhaave yn de Piterstsjerke yn Leien. It ûntwerp is in ieu letter troch ien fan syn folgelingen ferwurke yn in motyf foar behangpapier.

Seleksje fan wurken[bewurkje seksje | edit source]

  • Lettre sur une pierre antique (Amsterdam, 1762)
  • Lettre sur la sculpture (Amsterdam, 1769)
  • Lettre sur les désirs (Parys, 1770)
  • Lettre sur l’homme et ses rapports (Parys, 1772)
  • Description philosophique du caractère de feu monsieur F. Fagel (‘De Haach, 1773)
  • Lettre sur le fatalisme (De Haach, 1776)
  • Sophyle ou de la philosophie (Parys, 1778)
  • Aristée ou de la divinité (Parys, 1779)
  • Simon ou des facultés de l’âme (De Haach, 1783)
  • Alexis ou du militaire (De Haach, 1783)
  • Alexis ou de l’age d’or (Riga, 1787)
  • Lettre sur l’optique (De Haach, 1788)
  • Seleksje fan brieven: M.F. Fresco (red.), Lettres de Socrate à Diotime. Cinq cinquante lettres du philologe néerlandais Frans Hemsterhuis à la princesse de Gallitzin, Frankfurt am Main etc.: Dr. Hänsel-Hohenhausen 2007

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Frans Hemsterhuis, Wijsgerige Werken. Uitgegeven, ingeleid en van een commentaar voorzien door M.J. Petry, Budel/ Leeuwarden 2001
  • Denis Diderot, Observations sur la « Lettre sur l’homme et ses rapports » de Hemsterhuis. Texte établi et commenté par Gerhardt Stenger, dans Diderot, Œuvres complètes, t. XXIV, Paris, Hermann, 2004, p. 215-419.


  1. út: K.J.F.C. Kneppelhout van Sterkenburg; De gedenkteekenen van de Pieterskerk te Leyden (Leiden, 1864)