Aldfrankysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frankysk)
Aldfrankysk
algemien
oare namme(n) Frankysk
taalgebiet Ryn-, Maas- en Skeldedelta en
noardlik Frankryk
skrift runen, Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Aldfrankysk
skaaimerken
tiidrek 3e-7e iuw
ûntstien út Súdwestgermaansk
ûntjûn ta Aldmiddeldútsk
Aldnederfrankysk
taalkoades
ISO 639-3 frk

It Aldfrankysk (of ek wol gewoan Frankysk) wie de Westgermaanske taal dy't sprutsen waard troch it folk fan 'e Franken yn in gebiet dat no súdlik Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, westlik Dútslân en noardlik Frankryk beslacht. Dizze taal bestie rûchwei fan 'e earste oant de sânde iuw en kaam fuort út 'e Ryn-Wezer-dialekten fan it eardere Súdwestgermaansk. Tsjin 'e sânde iuw ûntjoegen de noardlike dialekten har ta it Aldnederfrankysk en letter it Aldnederlânsk, en de eastlike ta it Aldmiddeldútsk, wylst it Aldfrankysk yn it suden stadichoan ferkrongen waard troch it (net besibbe) Aldfrânsk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Franken stammen ôf fan Germaanske stammen dy't har yn 'e iere Izertiid yn dielen fan 'e Lege Lannen en westlik Dútslân nei wenjen setten. Fan 'e fjirde iuw ôf wreiden se har út oer it hiele suden fan 'e Lege Lannen, it gebiet dat no foarme wurdt troch Nederlân besuden de Grutte Rivieren, Belgje en Lúksemboarch. Yn 'e fyfde en sechsde iuw koene se, troch it ynstoarten fan it Romeinske Ryk en it machtsfakuum dat dêrtroch ûntstie, ek noardlik Frankryk by har gerjochtichheid foegje, wylst se oare folken, lykas de Beiers en de Tueringers en letter ek de Friezen, ûnderwurpen en ta fazallen makken. Sa ûntstie in sterke Frankyske steat, dy't him úteinlik ûntjoech ta it Frankyske Ryk, mei as bekendste hearsker Karel de Grutte.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeistige kennis fan it Aldfrankysk bestiet frijwol hielendal út rekonstruksjes út it Aldnederfrankysk en it Aldnederlânsk, en troch spoaren yn it Frânsk en de (oare) Oïlaanske dialekten fan noardlik Frankryk. De iennichste útsûndering is in swurdskie mei runetekens dy't yn 1996 yn 'e grûn fan in ikker te Bergakker, yn 'e Betuwe, fûn waard. Dy saneamde Runeynskripsje fan Bergakker is mooglik yn it Aldfrankysk, al is it wierskynliker dat it Aldnederfrankysk is. De tekst is lykwols beheind en kin net mei wissichheid lêzen en/of oerset wurde.

Erfskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldfrankysk libbet tsjintwurdich fuort 'e Nederfrankyske talen, dy't der úteinlik út fuortkommen binne. Dêrta hearre it Nederlânsk, it Limboarchsk en it Afrikaansk. Yn Frankryk hie it Aldfrankysk in grutte ynfloed op it leksikon, de útspraak en de grammatika fan 'e Romaanske talen dy't yn it eardere Romeinske Galje sprutsen waarden, mei as resultaat dat it der in superstraat yn efterliet. Fan gefolgen binne withoefolle moderne Frânske wurden en plak- en eigennammen, wêrûnder de namme "Frankryk" (France), net fan Romaansk, mar Germaansk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.