Franke Sloothaak

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Franke Sloothaak
CSI Katowice, 2009
CSI Katowice, 2009
Namme Franke Sloothaak
Bertedatum 2 febrewaris 1958
Berteplak It Hearrenfean
Sportive ynfo
Sport Hynstesport
Underdiel(en) Springe
Earste titel 1994 WK Springe De Haach
Olympyske Spullen Los Angeles 1984, Seoel 1988, Barselona 1992, Atlanta 1996,
Debút 1969
Ekstra Sûnt 1979 is Sloothaak Dútser


Franke Sloothaak (It Hearrenfean, 2 febrewaris 1958) is in Dútsk-Nederlânsk springruter.

Sloothaak begûn as 10-jierrige jonge op pony’s mei de rutersport en helle al gau syn earste súksessen yn 1969 mei in earste priis yn It Oranjewâld. Yn 1970 wûn er it provinsjaal kampioenskip. Waard as 12-jierrige útroppen ta de bêste lanlike ruter op it Indoors-konkoers yn de Fryslânhal yn Ljouwert. Treende oerdeis hynders by de firma Brouwer yn Aldskoat en folge jûns de Mafû. Yn 1972 waard hy provinsjaaal Z-kampioen, yn 1973 mei hynder Elsetta nasjonaal jeugdkampioen. Op 14-jierrige leeftiid hearde hy by de Nederlânske equipe dy't op de Europeeske kampioenskippen foar junioaren de sulveren medalje ferovere. Yn 1974 waard er jeugdkampioen, mei Polo Marco. Doe't hy 18 wie gie hy by de Dútse Olympysk kampioen fan 1976, Alwin Schockemöhle yn de lear. Yn 1979 waard hy Dútsk steatsboarger en twa jier letter helle hy op Argonaut foar de earste kear de Dútse kampioenstitel.

Fan 1996 oant 2011 hie er syn eigen stâl yn Borgholzhausen. Hy is heit fan twa bern.

[bewurkje seksje] Hichtepunten

Olympyske Spullen
  • 1984 yn Los Angeles: brûnzen medalje (team) mei Farmer
  • 1988 yn Seoel: gouden medalje (team) mei Walzerkönig
  • 1996 yn Atlanta: gouden medalje (team) op Joly Coeur
Wrâldkampioenskippen
  • 1994 yn De Haach: gouden medalje (team) en in gouden medalje yndividueel mei Weihaiwej
  • 1998 yn Rome: gouden medalje (team) en in sulveren medalje yndividueel mei Joly Coeur
Europeeske kampioenskippen
  • 1985 yn Dinard: brûnzen medalje mei syn team
  • 1991 yn La Baule: sulveren medalje mei Walzerkönig
oare
  • 3x Dútsk kampioen (1981, 1989, 1991)
  • 1x winner yn de Grutte priis fan Aken (1989 mei Walzerkönig)
  • 1x winner fan Deutschen Springderby yn Hamburch (2001 mei Landdame)

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen