Frânske Eastyndyske Kompanjy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen fan de Frânske Eastyndyske Kompanjy
Frânske en oare Europeeske delsettingen yn Yndia
Kanon fan de Frânske Eastyjeske Kompanjy (Canon de 4).
Brûns, 1755, Douai. Kaliber: 84mm, lingte: 237cm, gewicht: 545kg, munysje: 2kg izeren ballen

De Frânske Eastyndyske Kompanjy (Frânsk: Compagnie française des Indes Orientales) wie in kommersjele hannelsûndernimming dy't yn 1664 oprjochte waard as tsjinhinger fan de Nederlânske en Britske Eastyndyske Kompanjyen.

Al fan 1607 ôf makke de kening fan Frankryk, Hindrik IV, serieuze plannen om ta de oprjochting fan in Frânske Eastyndyske Kompanjy te kommen. Isaac le Maire wie dêrby syn adviseur. Alle besykjen mislearre lykwols.

Yn 1664 kaam Jean-Baptiste Colbert mei in nij plan, de oanstelling fan François Caron, dat stipe waard troch kening Loadewyk XIV. De nije kompanjy slaage net yn it stiftsjen fan in koloanje op Madagaskar, mar festige har wol yn de havens fan tichtby lizzende eilannen Bourbon en Île-de-France (no Réunion en Mauritius).

Tsjin 1719 hie de Kompanjy har fêstige yn Yndia, mar siet wol op de râne fan it bankrot. Itselde jier waard de kompanjy ûnder John Law kombinearre mei oare Frânske hannelkompanjyen, dat waard de Compagnie Perpétuelle des Indes. Sy bleau ûnôfhinklik oant 1723.

De delfal fan it Mogolryk die de Frânsken besluten om yn te gripen yn de ynlânske polityk fan Yndia om har belangen te ferdigenjen. Sy gienen alliânsjes oan mei lokale hearskers yn it suden fan it Yndiaaske subkontinint.

Fan 1741 ôf fierden de Frânsken ûnder Joseph François Dupleix in agressive polityk tsjin de Yndjers, mar ek tsjin de Ingelsken, oant sy lang om let ferslein waarden troch Robert Clive.

It die bliken dat de Kompanjy net be steat wie har finânsjeel te rêden, yn 1769 waard sy opheft, mar in pear jier foar it begjin fan de Frânske Revolúsje.

In stikmannich lytsere Frânske koloanjen yn Aazje, benammen dy oan de Yndiaaske en Súd-Sineeske kust, ferienigen har yn de Uny fan Yndosina, letter foarmen dy gebieten de lannen Kambodja, Laos en Fietnam.

Neitiid bleaune ferskate Yndiaaske hannelshavens, dêr't Pondicherry en Chandernagore by wiene, ûnder Frânsk bestjoer oant sy yn 1954 oan de jonge steat Yndia kamen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]