Foto Kees Scherer Priis

Ut Wikipedy

De Foto Kees Scherer Priis wie in twajierlikse fotografypriis dy't ynsteld waard troch de Stifting FotoArgyf Kees Scherer. De priis bestie út in bedrach fan EUR 5.000,-- en wie bedoeld foar de fotograaf én útjouwer fan it bêste Nederlânske fotoboek dat yn de twa jier foarôfgeand oan de takenning fan de priis ferskynde.

Mei it ferskinen fan it boek Bekroond – 12 winnaars van de Foto Kees Scherer Prijs voor het beste Nederlandse fotoboek yn 2015 waard de priis foar de tolfde en lêste kear útrikt op it Fotofestival Naarden.

De priiswinners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2015 - fotograaf Koos Breukel foar fotoboek "Me We"
  • 2013 - fotograaf Viviane Sassen
  • 2011 - fotograaf Henk Wildschut foar fotoboek "Shelter"
  • 2009 - fotograaf Niels Stomps foar fotoboek "Mist"
  • 2007 - Fotograaf Kadir van Lohuizen en Mets & Schilt útjouwers foar it boek "Diamond Matters"
  • 2005 - fotograaf Geert van Kesteren en útjouwer Artimo foar it fotoboek "Why Mister, Why? "
  • 2003 - fotograaf Céline van Balen en útjouwer Basalt Publishers & Van Zoetendaal Collections foar it fotoboek "Céline van Balen".
  • 2001 - fotograaf Theo Baart, foar it boek "Bouwlust" (yn eigen behear útjûn).
  • 1999 - fotograaf Paul den Hollander, foar it boek "Voyage Botanique" (yn eigen behear útjûn).
  • 1997 - fotograaf Eddy Posthuma de Boer en útjouwer Thomas Rap foar it boek "Voor het oog van de wereld".
  • 1995 - fotograaf Bertien van Manen en útjouwer De Verbeelding foar it boek "A hundred summers a hundred winters".
  • 1993 - fotograaf Catrien Ariëns en útjouwer Thomas Rap foar it boek "In de beste tradities".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: