Folkwalda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Folkwalda ek wol Folckwalda (betsjut leger-oanfierder), is de heit fan de legindaryske Fryske kening Finn, dy't yn de Widsith, in âld Ingelsk gedicht, soan fan Folckwalda neamd wurdt. Syn soan wurdt yn ferskate boarnen neamd as kening fan de Friezen, sadwaande komt er sels ek foar dizze titel yn de beneaming. Syn mooglik bewâld moat west hawwe yn de 5e ieu, foar it Grutte Folkeferfarren. De histoaryske Folkwalda moat yn alle gefallen in wichtich Frysk persoan west hawwe. Oer syn libben is fierders neat bekend.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]