Folckerus

Ut Wikipedy

Folckerus wie in rike Fryske ealman út de 9e iuw. Op 8 novimber 855 skonk hy in vico qui dicitur Puthem oan de Abdij Werden (By Essen yn Dútslân). Under it in vico qui dicitur Puthem foelen ûnder oare Irminlo (Ermelo), Hornlo (Koudhoorn), Niutlo (Nulde) en Vunnilo (Huinen). Folckerus skonk de delsetting en de bosk om Putten hinne, wat yn dy tiid tige grut gebiet wie. Yn itselde stik wurdt ek it Fryske Hieslum foar it earst neamd. Yn it Gelderske Putten is in strjitte nei Folckerus neamd.