Fokker T. V
Ut Wikipedy
De Fokker T.V wie in twamotorige jachtkruser-bommewerper fan Fokker. It wie doe in frij modern tastel dat brûkt waard troch de Nederlânske Loftfeart Ofdieling (LuVA). Yn 1935 wie it ûntwurpen as jachtkruser, om grutte gebieten langere tiid te beweitsjen, mar yn de maaiedagen fan 1940, doe't it idee fan jachtkruser al ferâldere wie, as bommewerper ynset.
Sechtsjin T.V's foarmen fan 1938 ôf ien squadron by de LuVA.
Technyske feiten [bewurkje seksje]
| Model: | T-V (T 5). |
| Bouwer: | Fleanmasinefabryk Fokker, Amsterdam. |
| Taak: | Jachtkruser/bommewerper. |
| Bemanning: | 5 (kommandant-bommerjochter-observator, fleander, 2e fleander, radioman-skutter, boardskutter). |
| Ofmjittings | |
|---|---|
| Spanwiidte: | 21 meter. |
| Fleugeloerflak: | 66,2 kante meter. |
| Lingte: | 16 meter. |
| Hichte: | 5 meter. |
| Gewichten | |
| Leechgewicht: | 4650 kg. |
| Maks.gewicht: | 7250 kg. |
| Prestaasjes | |
| Maks. faasje: | 417 km/o. |
| Krúsfaasje: | 350 km/o. |
| Tsjinstplafond: | 7700 m. |
| Fleanberik: | 1550 km. |
| Motors: | 2 Bristol Pegasus XXVI, fan 925 hk. it stik |
| Bewapening: | 1 Solothurn hurdfjoerkanon 20 mm yn'e noaskoepel. 5 mitrailleurs 7,9 mm: op'e rêch, yn sturtkoepel, eltse sydkant en ûnder de romp. 1000 kg bommen. |