Fokker D. VII

Ut Wikipedy
Fokker D.VII


Rol Jachtfleantúch
Makker Fokker
Untwerper Reinhold Platz
Earste flecht jannewaris 1918
Yn tsjinst april 1918
Ut tsjinst
Tal makke 3.200 (1918-1928)
Brûkers Luftstreitkräfte
D.VII fan it Militêre Loftfeart Museum yn Soesterberg


De Fokker D.VII wie in Dútske jachtfleanmasine dat tsjin de ein fan de Earste Wrâldkriich troch Fokker makke waard neffens in ûntwerp fan Reinhold Platz. Doe't it tastel yn 1918 boppe it slachfjild ferskynde die bliken dat it fergelike mei de besteande alliearde fleanmasines superieur wie. It tastel wie sa (wreed) ferneamd dat it it iennige wapen wie dat mei namme opeaske waard troch de Alliearden yn de oerjefteûnderhannelingen oan de ein fan de oarloch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1917 boude Fokker de eksperimintele dûbeldekker V.11, útrisd mei in standert Mercedes D.IIIa motor.

Manfred von Richthofen fleach yn de V.11 en fûn it in lestich en net noflik tastel dat rjochtingsûnstabyl by it dûken . Fokker paste de V.11 dêrnei oan troch de romp te ferlingjen en in fêste sturt fóar it roer te setten. Dêrnei wie Von Richthofen fan betinken dat it it beste tastel fan it stuit wie en dat it yn produksje naam wurde moast. Fral dêrtroch waarden der 400 fan besteld. Hy hat it tastel sels net mear fleane kinnen yn it loftgefjocht omdat er stoar krekt foar it yn gebrûk naam waard.

Omdat Fokker te min produksjekapasiteit hie, moasten de konkurrinten Albatros en AEG de VII ûnder lisinsje meebouwe, hoewol’t AEG der úteinlik nei ien makke hat. De oarloch wie hast dien en de Dútske yndustry wie net mear by steat om goed 1700 tastellen te produsearjen.

De Fokker waard maaie 1918 op slachfjild ynset die rillegau bliken superieur fergelike mei de besteande Albatros- en Pfalz-ferkenners. It tastel koe goed dûke sûnder kâns op strukturele skea, klimme ûnder grutte oanfalshoeken (hy koe sels as earste jager oan de propeller hingjen bliuwe), rekke net gau oerlutsen en de kâns op in spin wie lyts. Dat wie by de Britske Sopwith Camel en de Spad XIII al oars, dy koenen sa mar ynienen oerlutsen reitsje en yn in ferheftige spin bedarje koenen.
De neidielen fan de VII wienen de hjitte fan de motor dêr't de munysje fan yn de brân reitsje koe (der waarden letter kuolblêden oanbrocht). Brânstoftanks brieken faak op de naden en ek de ribben op de boppefleugel joegen faak belies.

Yn it earstoan waard in Mercedes D.IIIa motor fan 127 kW brûkt, letter kaam der in BMW motor fan 138 kW yn wat in grutte ferbettering wie.
Doe’t de oarloch novimber 1918 einige wienen der 775 fan it type yn gebrûk.
Ek nei de oarloch waard it type noch troch tal fan lannen brûkt. 142 ferovere eksimplaren gienen nei de Feriene Steaten. Anthony Fokker smokkele in grut tal net ôfmakke tastellen nei Nederlân dêr’t se yn syn nije fabryk yn Amsterdam ôfboud waarden. Noch yn 1929 waarden nije D.VII's ûnder lisinsje foar de Switserske loftmacht makke.

It Militêr Loftfeart Museum yn Soesterberg, it Brome County Historical Society yn Kanada, it Deutsches Museum yn München it RAF-museum yn Ingelân, it Musée de l'Air yn Frankryk en it National Air And Space Museum yn Washington hawwe noch orzjinele eksemplaren yn harren samling.

Technyske feiten en prestaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fokker D.VII Fokker D.VIIF
Boujier: 1918 1918
Ornearre as: Jachtfleanmasine Jachtfleanmasine
Lingte: 6,95 m 6,95 m
Spanwiidte: 8,90 m 8,90 m
Hichte: 2,75 m 2,75 m
Fleugeloerflak: 20,20 m² 20,20 m²
Leechgewicht: 684 kg 684 kg
Startgewicht: 910 kg 910 kg
floeistofkuolle seissilinder-linemotor: Mercedes D IIIa
Startfermogen 130 kW / 180 hk,
BMW IIIa
Startleistung 166 kW/226 PS
Topfaasje: 189 km/o op 1.000 m 205 km/o op 2.000 m
Klimfaasje nei 1.000 m: 5 minuten 48 s. 2 minuten 24 s.
Klimfaasje nei 3.000 m: 8 minuten 12 s.
Klimfaasje nei 5.000m: 31 minuten 30 s. 15 minuten 18 s.
Plafond: 6.000 m 7.000 m
Fleanberik: 350 km 350 km
Fleantiid: 1 oere 30 minuten 1 oere 30 minuten
Bewapening: 2 LMG 08/15 2 LMG 08/15
Bemanning: 1 1

Lannen dêr't de D. VII tsjinne hat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Te fergelykjen tastellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Enzo Angelucci, Paolo Matricardi: Die Flugzeuge. Von den Anfängen bis zum Ersten Weltkrieg. Falken-Verlag, Wiesbaden 1976, ISBN 3-8068-0391-9,.
  • Karlheinz Kens, Hanns Müller: Die Flugzeuge des Ersten Weltkriegs 1914 – 1918. Heyne, München 1973, ISBN 3-453-00404-3.
  • Günter Kroschel, Helmut Stützer: Die deutschen Militärflugzeuge 1910 – 1918. Lohse-Eissing, Wilhelmshaven 1977, ISBN 3-920602-18-8.
  • Kenneth Munson: Kampfflugzeuge. Jagd- und Schulflugzeuge 1914 – 1919. 2. neu bearbeitete Auflage. Orell Füssli Verlag, Zürich 1976, ISBN 3-280-00824-7, (Flugzeuge der Welt in Farben), S. 24, 121–122.
  • Heinz Nowarra: Die Entwicklung der Flugzeuge 1914 – 1918. Lehmanns, München 1959.
  • A. R. Weyl: Fokker. The Creative Years. Reprint. Putnam, Londen 1987, ISBN 0-85177-817-8.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]