Foekje Dillema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foekje Dillema
Foekje Dillema makket in proefstart op 20 augustus 1949 yn Londen.
Foekje Dillema makket in proefstart op 20 augustus 1949 yn Londen.
Namme Foekje Dillema
Bertedatum 18 septimber 1926
Berteplak Boerum
Stjerdatum 15 desimber 2007
Stjerplak Kollum
Sportive ynfo
Sport Atletyk
Underdiel(en) Sprint
Trener Hans Huizinga
Earste titel Ned. kampioene 4 x 100 m foar klupteams 1949
Debút Op 21 juny 1948, yn Marsum
Ekstra Ned. rekordhâldster 4 x 100 m foar klupteams 1949-1950, Ned. rekord 200 m 1950

Foekje Dillema (Boerum, 18 septimber 1926 - Kollum, 5 desimber 2007), wie in Fryske atlete, dy't yn 1950 it Nederlânske rekord op de 200 meter hurdrinnen behelle. Foekje Dillema is troch tadwaan fan Jan en Fanny Blankers-Koen, tegearre mei de KNAU (Koninklijke Nederlandse Atletiek Unie), no de Atletiekuny, skorst foar it libben foar it atletykbûn.

Foekje Dillema waard as tredde dochter berne yn de arbeidershúshâlding Dillema. Nei har kamen der noch fiif bern. Foekje begûn har sportkarriêre op 30 maaie 1948, doe't se as taskôger by in atletykwedstryd útdage waard om ek mei te rinnen. Se wûn doe en har earste echte wedstryd oer 100 meter rûn se op 21 juny 1948 yn Marsum. Se klom al gau op fan de D-klasse nei de A-klasse. Foekje Dillema giet al rillegau trainen by de atletykferiening Vitesse yn Ljouwert. Hjir wurdt har minne technyk ferbettere troch har trainer en lange ôfstânrinner Hans Huizinga. Mei har feriening Vitesse wûn se yn 1949 de 4x200 meter foar klubteams. Yn datselde jier pakte se tegearre mei Corrie Hospes, Baukje Jongsma en Nelie de Jager it Nederlânske rekord op de 4x200 meter yn 1 minút 48,3 sekonden. Ek behelle se yn 1949 it Nederlânske rekord op de 4x100 meter tegearre mei deselde Baukje Jongsma, Nelie Jager en Imi Miedema. Yn de winter fan '49/'50 hat Foekje in protte oan har sprinttechnyk wurke, dit die fertuten, mei de titels Frysk kampioen op de sprint en Frysk kampioen op de 200 meter. Op 18 juny 1950 ferbettere se it Nederlânske rekord op de 200 meter, dat doe noch op namme stie fan Fanny Blankers-Koen, yn in tiid fan 24.1 sekonden. Troch al dizze prestaasjes waard Foekje sjoen as in tige grutte kânshawwer foar earemetaal op de Olympyske Simmerspullen fan Helsinky yn 1952. Mar hjir waard op in wrede manier in skoatteltsje foar strutsen.

[bewurkje seksje] De skorsing

Troch Foekjes snelle tiden op de sprintnûmers waard sy in direkte konkurrinte foar de doetiidse topsprinster Fanny Blankers-Koen. Mar oant in rjochtstreekse konfrontaasje tusken beide dames kaam it mar ien kear. Fanny melde harsels altyd blesseare at se tsjin elkoar rinne koene. De iene kear dat se tsjin elkoar striden wie tidens de Olympyske dagen, neidat Foekje oanjûn hie dat sy sels blesseare wie en net folút rinne koe.

Troch Foekjes manlike eigenskippen waard se troch in soad lju, mei op it earste plak Jan Blankers en Fanny Blankers-Koen, as bedriger sjoen. Yn 1950 waard, op inisjatyf fan Jan Blankers in seksetest organisearre, wêrby't neist Foekje noch 4 oare hurdrinsters ûndersocht waarden as se wol echt frou wiene. It frappante hjirfan is dat twa fan dizze froulju al bern krigen hiene. It wie dus in folslein opsette aksje om Foekje út te skeakeljen. De útslach fan dit 'gynakologyske' ûndersyk waard Foekje ferteld doe't sy op 13 july 1950 ûnderweis wie mei it Nederlânske atletykteam nei in ynternasjonale atletykwedstryd yn Frankryk. Jan Blankers tegearre mei noch twa manlju fan de KNAU fertelden har op it perron fan Hilfertsom dat se skorst wie foar it libben, fanwege it feit dat se gjin frou wie. Foekjes nasjonale titels en rekords binne troch de KNAU út de boeken helle. Se mocht net mei nei de Olympyske Spelen fan Helsinky. Foekje hat nea wer oer har tige koarte atletykkarriêre prate wollen.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Max Dohle - Het verwoeste leven van Foekje Dillema, de grootste tragedie van de Nederlandse sportgeschiedenis; Het sporthuis, 2008
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen