Foeke Buitenrust Hettema

Ut Wikipedy
Foeke Buitenrust Hettema, 1917

Foeke Buitenrust Hettema (Harns, 6 juny 1862 - Swol, 5 oktober 1922) wie in taalgelearde en learaar.

Hy gie yn 1877 nei it gymnasium te Utert en waard yn 1880 talitten oan de universiteit dêre. Yn 1885 waard er learaar Nederlânske taal en Ierdrykskunde oan it gymnasium te Swol. Hy kreweare dêr foar better, moderner ûnderwiis. Yn dy jierren begjint er wurk te publisearjen, ek yn it Frysk.[1] Hy waard redakteur fan Taal en letteren (1891-1907)

Yn 1897 waard er privaat-dosint Fryske Taal- en Letterkunde oan de Ryksuniversiteit Utert en yn 1917-1918 heechlearaar yn Gint, Belgje. Hoe âlder Buitenrust Hettema waard hoe mear niget at er krige oan it Frysk en de Fryske skiednis. Dêrtroch rekke er ek ferfrjemde fan Nederlânske wittenskippers. In inkelde freon wie der by doe't er yn Mullum te hôf brocht waard.

Buitenrust Hettema is bekend fanwegen syn Bloemlezing uit Oud-, Middel- en Nieuwfriesche geschriften (1887-1990) en syn Friesche plaatsnamen (1899).[2]

Digitaal beskikbere wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1887 Bloemlezing uit Middelfriesche geschriften [2] [3]
  • 1888 Bloemlezing uit Nieuwfriesche geschriften [4] [5]
  • 1888 Bijdragen tot het Oudfriesch Woordenboek (diss. Utert) [6] [7] [8]
  • 1890 Bloemlezing uit Oudfriesche geschriften [9] [10]
  • 1890 Der alte Druck der Westerlauwerschen Rechte [11]
  • 1904 Waarom volkstaal, waarom 't Fries bestudeerd? [12]
  • 1907 Bijbellektuur in 't Fries [13]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Buitenrust Hettema by de DBNL, troch J. B. Schepers, mei bibliografy.
  2. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hettema, Foeke Buitenrust.