Fockensstate

Ut Wikipedy
De Fockensstate aan de Beetsterweg te Beetsterzwaag
Fockensstate (oantsjutten as Fokkema State) op kadastrale kaart 1811-1832

De Fockensstate is in monumintaal pân oan de Beetsterwei 2 yn Beetstersweach.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fockensstate is de âldste state yn Beetstersweach en bestie al yn de 17e iuw. Der hawwe yn dizze iuw ferskate leden fan it laach Fockens, dy't grytman wienen fan Beetstersweach, yn de state wenne. Op 'e ein fan de 17e iuw kaam de state troch fererving yn it besit fan de family Van Teyen, dy't hjir oant midden 19e iuw wenne hat. Yn dizze perioade waard it gebou meardere kearen feroare. Op de earste kadastrale kaarten (1811-1832) stiet it gebou oanjûn as Fokkemastate. Ek yn de 19e iuw is it gebou yngreven ferboud, sadat fan it oarspronklike gebou net folle bewarre bleaun is. De restanten fan de omgrêfting ferwize nei it oarspronklike gebou. De eklektyske foargevel is in ûntwerp fan de arsjitekt Luitje de Goed, dy't de huzinge yn 1879 syn hjoeddeiske foarm joech. It gebou is in ryksmonumint.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]