Springe nei ynhâld

Foars groukopke

Ut Wikipedy
foars groukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai grutte gersgroukopkes (Ochlodes)
soarte
Ochlodes sylvanus
Esper, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It foars groukopke (Ochlodes sylvanus) is in flintersoarte yn it skaai fan de grutte gersgroukopkes (Ochlodes).

It foars groukopke is in algemiene stânflinter. De flinter is foaral te finen yn wiete greiden en rûchten. Se binne faak te finen yn de dunen. It is in honkfêste soarte. De populaasje trend is nei 1995 negatyf.

In foars groukopke.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as gefoelich.

De flinter fljocht fan juny ôf oant begjin augustus. Foaral tusken 1 en 25 july. Fljocht altyd in 1 generaasje.

De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is gieleftich mei dúdlike ljochte plakken. It mantsje hat op de boppekant fan de foarwjuk in dúdlike geurstreek. De flinter fljocht mei in op-en-del geande beweging.

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is donkergrien mei koarte hierboarsteltsjes. De kop is witich brún. Nei septimber giet de rûp yn 'e rêst om yn it foarjier fierder te groeien. De healwaaks rûp oerwinteret yn in koker fan blêden.

De rûp fret fan ferskillende soarten gers.