Foarnamwurd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Foarnamwurden (ôfkoarting: fnw) binne in wurdsoarte. It is in lytse wurdgroep, mei in beheind tal wurden, want de wurden stean op harsels. De ûnderskate kategoryen foarnamwurden wurde sa yndield:

  • persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden
  • wjersidich foarnamwurden
  • besitlike foarnamwurden
  • oanwizende foarnamwurden
  • belûkende foarnamwurden
  • freegjende foarnamwurden
  • ûnbeskate foarnamwurden

Persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

De persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden binne foarnamwurden wêrfan twa foarmen binne. De ûnderwerpsfoarm (persoanlik) en de foarwerpsfoarm (weromwurkjend).

De ûnderwerpsfoarm stiet yn it lofter rychje, de foarwerpsfoarm yn it rjochter rychje:

ik my
do, jo dy, jo
hy, sy/hja, it him, har, it
wy ús
jim jimme
sy/hja har(ren)

Wjersidige foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

Wjersidige foarnamwurden jouwe oan dat der wat oan wjerskanten bard. Bygelyks yn ‘Hja groeten inoar’, jout inoar oan se beide groetsje. Synomym oan inoar binne elkoar en mekoar. Oare foarmen binne inoarren, elkoarren, mekoarren. De wjersidige foarnamwurden kinne in genityf s krije om it wjersidich foarnamwurden besitlik te meitsjen.

Besitlike foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

Besitlike foarnamwurden jouwe dat eat fan in persoan/persoanen is:

do dy dines
jo jo jowes
hy syn sines
sy har harres
It syn sines
wy ús uzes
jim jimme jimmes
sy har(ren) harres

De oanbelangjende wurden yn it twadde en tredde rychje hjitte besitlike foarnamwurden.

Oanwizende foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

Oanwizende foarnamwurden binne: foar de-wurden: dy / dyen, dizze / dizzen; foar it-wurden: dit / ditte, dat / datte;

  • sa'n (by in iental), sa'nt / satnen(t) / sa'n(en)ien, sok (by in it-wurd sûnder meartal), sokke (by in de-wurd sfinder meartal en by meartallen), sokken, soks;
  • itjinge, dejinge(n), datjinge, dyjinge(n);
  • inselde, deseldetn), itselde, datselde, ditselde, dyselde(n);
  • sels (is in fuortsterkjend oanwizend fnw; it kin him oan in persoanlik foarnamwurd hechtsje of by in haadwurd of eigennamrne stean).

Allinnich eigenskiplik brûkber is:

  • sa'n.

Betreklike foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

Betreklike foarnamwurden binne foarnamwurden dy’t foaroan yn in bysin steane en betrekking ha op wat oars yn in eardere bysin of yn de haadsin. Foarbylden binne: dat, dy't, wa’t, waans, wat.

Freegjende foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

De selsstannich brûkte freegjende foarnamwurden binne:

  • wa, wat, wêr, wannear, wêrom, hoe
  • wêr yn kombinaasje mei in ferhâldingswurd, lykas yn wêrmei, wêrby, wêrachter

Foar in haadwurd kinne ek freegjende foarnamwurden steane. De gebrûkliksten binne:

  • watfoar, watfoar in/ien;
  • hok, hokke, hokker, hokfoar, hokfoar in
  • hoe'n, hoe'nen

It freegjend foarnamwurd hoe kin ek mei in ferfangend haadwurd ta ien nij wurd gearrane. Foarbylden binne:

  • hoe'n ien, hoe'nent

Unbeskate foarnamwurden[bewurkje seksje | edit source]

Unbeskate foarnamwurden ferwize nei in net-beskate persoan of saak, dy't men net neier beneame kin of wol. Yn dat ramt wurde de neikommende wurden ta de ûnbeskate foarnamwurden rekkene: men, se/jo/je, (-)ien, irnmen, nimmen, eat (literêr), wat, neat, it, gjin, gjinien, gjinnen(t), glint, dizze en jinge, dizze of jinge, (de,it) ien of oar(e), elk, elkenien, eltsenien, al, alles, rnannich(ien), guon(t), guods, guodden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]