Foarhinne Mole Schokker

Ut Wikipedy
De wynmotor yn 2006

Foarhinne Mole Skokker is in poldermole by it doarp Nijetrine yn de gemeente Weststellingwerf.

Foarhinne Mole Skokker is in Amerikaanske wynmotor fan it type Record mei in wynrêd fan 21 blêden en in diameter fan 6 meter. De mole stie earst yn in natoergebiet oan de Tsjonger. Yn 1998 waard hy ôfbrutsen. Trije jier letter waard hy yn opdracht fan Steatsboskbehear restaurearre troch in fjouwertal learlingen fan de ROC Friese Poort út Drachten. Dêrnei krige de mole in nij plak op de hjoeddeiske lokaasje by Nijetrijne besuden de N351 yn it natoergebiet de Rottige Meente. De wynmotor is net-mealree en is net iepene foar publyk, al kin hy wol oant op in pear meter benei komd wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: