Fluitskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hollânske fluitskippen yn de 17e ieu (Wenzel Hollar, 1647)
Model fan in fluit

In Fluitskip of Fluit (Fluytschip, Fluyt) is in Hollânsk skipstype mei in karakteristike parfoarm, dat boud waard yn de 17e en 18e ieu. It waard foaral brûkt foar frachtferfier. Men farde der mei op East-Ynje, West-Ynje, de Middellânske See en de Noardlike Iissee (walfiskjacht). De skippen wiene foar de ferskillende doelen/frachten oanpast.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

Het earste fluitskip soe yn 1595 yn Hoarn boud wêze nei in ûntwerp fan keapman Pieter Jansz Vael, ek wol bekend as keapman Liorne. Se wiene werom te kinnen oan in rûn, fersierd efterskip en in ynfallend board, sadat it skip in soart parfoarm krige. Dy foarm hie in wichtige ekonomyske reden: oan de Sont waard tol heft. De hichte fan de Sonttol hinge ôf fan de breedte fan it dek, dêrfandinne it smelle dek boppe it folle bredere rom, sa koe in maksimale lading meinaam wurde tsjin in minimale tol. Dizze menier fan tolberekkenjen bleau oant 1669 bestean. Skippen dy't dêrnei boud waarden hiene wer in breder dek.

De fluit wie tige gaadlik foar de hannelsfeart yn Jeropa om't mar sa'n tolve man foar it silen nedich wiene en it skip net djip stiek. Dit skipstype waard dan ek tige wichtich foar de Nederlânske ynternasjonale skipfeart.

Yn 1671 neamde Nicolaes Witsen as lingte foar in gewoane fluit 37 meter en 35 meter foa in fluit dy't foar de Eastseefeart tsjinne. Cornelis fan Yk joech yn 1697 in lingte fan 40 meter by in breedte fan 5,5 meter as ôfmjittings op.

De tugaazje wie itselde as by oare trijemêsters: in fokkemêst en in grutte mêst mei elts op syn heechst trije raseilen, en in bezaanmêst mei een Latynseil en somtiden een krússeil.

It fluitskip waard neifolge yn Dútslân (Fleute), Ingelân (fly-boat) en Sweden (Flöjtskepp) om't it yn Nederlân sa bêst foldie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. Haalmeijer en D. Vuik (2002). Fluiten, katten en fregatten. De Boer Maritiem, Haarlem. ISBN 90-6410-376-3