Fluier

Ut Wikipedy
Fluier

In fluier is in lange (± 80 sm) Roemeenske blokfluit (it wurd fluier betsjut ek gewoan fluit yn it Roemeensk). Bysûnder oan de fluier is it beheind tal fingergatten: 4 foar de lofterhân en twa foar de rjochter, dy't ek noch net iens oanslute. Dat hat ûnder oare as gefolch dat der 'gatten' yn de mooglik te spyljen toanljedder sitte, dy't meast net mei helpgrepen te kompinsearjen binne. De fluier lit him tige maklik oerblaze oant wol seis kear, wêrmei't de gatten yn de toanljedder foar it leechste oktaaf kompinsearre wurde.

De konstruksje fan de fluit liket út te nûgje ta beskate meldijlinen dy't o sa maklik lizze op de fluier, en dy't dan ek yn de Roemeenske folksmuzyk werom te hearren binne, lykas yn Mindrele.