Flevum

Ut Wikipedy

Flevum wie in Romeinsk fort (Latynsk: Castellum). It wie ien fan de ferskate militêre fersterkings dy't de Romeinen yn Nederlân oan de Ryn bouden om de noardgrins fan harren ryk te ferdigenjen tsjin ynkringers.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It castellum Flevum wurdt sawol neamd yn 'e skriften fan Ptolemaeus as by Tacitus, mar de krekte lizzing is noch hieltyd net bekend. Under de opstân fan de Friezen yn 28 spile it fort in wichtige rol. De militêre bestjoerder Ollenius moast him dêr doe mei syn troepen weromlûke. It Wâld fan Baduhenna dêr't letter de fjildslach plak fûn tusken de opstannige Friezen en Romeinen moat dêr yn 'e omkriten lein hawwe.

De lokaasjes dy't yn oanmerking foar Flevum komme, binne de plakken Grins, Castricum, Grebbe en Felzen. Felzen liket wol de bêste kandidaat. Wylst men dwaande wie mei ûnderhâld oan de Felsertunnel waarden oerbliuwsel fan in Romeinsk fort fûn. Dêrút docht bliken dat dit it om Flevum gean koe.

Guon skiedkundigen (û.o. Morel) giene der fan út dat by Felzen twa castellums west hawwe. It âldste wie fan 16 oant 28 beset en nei in koarte ûnderbrekking troch de Frsyke opstân waard flakby in twadde fort boud, dat oan likernôch de helte fan de 1e iuw in brûk bleau.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • W.A. van Es en W.A.M. Hessing, Romeinen, Friezen en Franken in het hart van Nederland, 1994, side 37.

Eksterne keppeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]