Fleur Agema

Ut Wikipedy
Fleur Agema.

Marie-Fleur (Fleur) Agema (Poarmerein, 16 septimber 1976) is in Nederlânsk politika. Ut namme fan de Partij foar de Frijheid (PVV) sit hja sûnt de Twadde Keamerferkiezingen 2006 yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Op 30 novimber 2006 waard sy beëdige.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Agema studearre arsjitektuer oan it HBO. Sy wie fan 1999 oant 2003 romtlik ûntwerper en projektlieder op in arsjitekteburo. Se eksposearre ûnder mear yn it Museon, de Grutte Tsjerke en it Gemeentehûs yn De Haach, it âlde Philipsfabryk en CraftDesign. Se hie in eigen stand op de meubelfakbeurs fan 1999. Yn 2004 helle se har mastergraad (Master of Arts) mei in ûntwerp foar in finzenis en in mastertese oer detinsje.

Yn 2003 waard sy foar de List Pim Fortuyn yn de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân keazen. Op 17 oktober 2003 joech sy it betrouwen yn it bestjoer fan de LPF oer. Yn 2004 gie sy út de LPF fanwege yntern skeel. Sy gie fierder as ûnôfhinklike Groep Agema yn de Steaten. Yn de Steaten broch sy it yn har eagen te royale subsydzjebelied op it aljemint.[1]

Yn 2006 gie sy by de Partij foar de Frijheid fan Geert Wilders en kaam sy yn de Twadde Keamerfraksje fan dy partij. Sy lei har dêr ta op romtlike oardening, folkshúsfesting en ferkear en wettersteat. Teffens wie hja ficefraksjefoarsitter. Sûnt 2010 docht sy it wurd yn de keamer oer folkssûnens, wolwêzen en sport, jeugd en húshâlding, en subsydzjebelied.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleur Agema makke desimber 2012 bekend dat hja multiple skleroaze hat.[2] Maaie 2013 sei hja yn it EO-programma De Kist dat hja fereale wie op in man út Hong Kong[3], mar meidat har wurk net te kombinearjen is mei in relaasje om utens bleau hja single.[4] Yn 2014 krige se in relaasje mei âld-Twadde Keamerlid Léon de Jong[5]; sy hawwe tegearre in dochter[6].

Underskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 krige Agema de priis 'Ingel fan it Jier' fan de KristenUny-jongerein PerspectieF fanwege har krewearjen foar it noch net berne libben en it op it aljemint bringen fan tebekbringen fan it tal abortussen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Een steeds smeriger verhaal. Reformatoarysk Deiblêd, 17 novimber 2006
  2. PVV-Kamerlid Agema lijdt aan MS, NOS, 12 desimber 2012
  3. Fleur verliefd in Hong Kong, 'De Telegraaf', 15 maaie 2013
  4. Fleur Agema vrijgezel, 'Spits Nieuws', 16 maaie 2013
  5. 'Blonde sekteleider' koppelt Fleur Agema aan popster, HP/De Tijd, 26 mei 2014
  6. "PVV-kamerlid Fleur Agema bevallen van eerste kind" NU.nl, 18 febr. 2015