Fjouwertaktmotor

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fjouwertakt-motor)

Sa wurket in Fjouwertaktmotor (sjoch de ôfbylding rjochts).
De motor wurdt earst mei de hân of troch in (elektryske) startmotor oan ‘e gong brocht. Dan draait de krukas (ûnderoan) en de beweging wurdt troch de driuwstange oerbrocht op ‘e sûger, dy’t dan yn ‘e silinder op en del skoot.
Boppe links is de útlitklep te sjen en rjochts de ynlitklep. Dy beide kleppen wurde om bar troch in nokke-as (boppe-oan) iepen stjitten (delstjitten). Tusken dy beide sit de bûzjy, dy’t in lyts skoftke elektryske heechspannning krijt.

1e slach Ynlitslach - lucht en gasfoarmige benzine (blau) wurde nei binnen lutsen.
De rjochter klep giet iepen, de sûger giet omdel en lûkt it nije gas nei binnen
2e slach Kompresjeslach - benzine-damp en lucht wurde yninoar treaun en oanstutsen.
De kleppen binne ticht; de sûger giet omheech en triuwt it gas yn inoar.
3e slach Arbeidsslach - it gas ferbaarnt en de sûger wurdt nei ûnderen treaun.
De kleppen binne noch ticht. At de sûger helendal boppe is, fonket de bûzjy en stekt sa it gas oan, dat dêrnei ûntploft en de sûger nei ûnderen triuwt.
4e slach Utlitslach - De útlitgassen (brún) wurde nei bûten treaun.
De útlitklep is iepen en de sûger giet wer omheech en triuwt de ferbaarnde gassen nei bûten.

Fan de fjouwer slaggen fan de sûger is dus mar ien produktyf. Dêrtroch skokt de motor. Om him mear gelykmjittich rinne te litten, brûkt men fjouwer silinders, dy’t om bar de arbeidsslach hawwe (4-silindermotor).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]