Fjildlyster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fjildlyster
Turdus pilaris II.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Lysterfûgels (Turdidae)
soarte
Turdus pilaris

De Fjildlyster (Turdus pilaris) is in fûgelsoarte út de famylje fan de lysterfûgels.

Oare nammen[bewurkje seksje | edit source]

De Fljildlyster wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Fjildbok, Fjildmantsje as Skaarlyster.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Fjildlyster is ien fan de gruttere lysterfûgels en is likernoch 25 sm grut, hast like grut as de Klyster. It mantsje en wyfke binne gelyk, nekke en kop binne griis. De rêch is brún en de búk en it boarst binne ljochter mei brune plakken, fierder hat der op in part fan syn boarst en kiel oranje fearren.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

It briedgebiet fan de Fjildlyster lei yn de 19e ieu foaral yn de bosken fan Noard-Jeropa en Sibearje. Sûnt dy tiid hat der syn briedgebiet nei it súdwesten útwreide en no heart ek it Midden fan Jeropa sa as Dútslân en Poalen derby. It is in echte trekfûgel. Winterdeis is er ek yn suden en westen fan Jeropa te finen, ek yn Nederlân. Yn de winter foarmje se faaks grutte kloften, geregeld mei readwjukken.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Fjildlyster yt bynammen ynsekten en wjirms. Winterdeis ite se meastentiids beien. Lykas de Klyster hipket de fjildlyster oar de grûn op syk nei iten. Sa no en dan stoppet der en pikt yn de grûn.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Fjildlyster makket syn nêst yn in beam. Foar de beskerming tjsin krieën en eksters briede se yn lytse koloanjes. As der in rôfdier yn de buert fan de nêsten komt wurdt er troch de fjildlysters mei stront bekûgele.
Yn maaie leit it wyfke 5-6 aaien. Nei in 12 dagen brieden komme de aaien út en it duorret nóch sa'n skoft foardat de jongen útfleane.

Oars noch[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids waarden de Fjildlysters yn grutte tallen fongen en iten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]