Fiskerijmuseum Aike fan Stien

Ut Wikipedy

Fiskerijmuseum Aike fan Stien is in lyts museum oan de Riedhûsstrjitte fan West op Skylge. Aike fan Stien wie in fisker fan it eilân. Syn pakesizzers hawwe syn húske as museum ynrjochte as oantinken oan harren foarâlden dy't allegear fisker wienen.

Ta de kolleksje hearre in soad netten en fiskersark dat tusken 1850-1950 brûkt waard. Fierders wurdt omtinken jûn oan:

  • seehûnejacht
  • skipshelling fan "Krul"
  • tousplitsen en knopen
  • skipsmodellen

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: