Fiskearn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fiskearn
OspreyNASA.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Fiskearnen (Pandionidae)
soarte
Pandion haliaetus

De Fiskearn (Pandion haliaetus) is in fûgel út it skift fan de rôffûgels. Om't hy op in tal skaaimerken dúdlik fan de rest fan de Haukeftigen ferskilt is der yn in aparte famylje set.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Fiskearn is sa'n 56-60 sm grut. It mantsje waaget sa'n 1,4 kg, it wyfke is wat swierder mei om en by 2 kg. De Fiskearn is oan de boppekant donkerbrun en oan de ûnderkant meast wyt fan kleur. Oan de wjukken sitte ek noch wol donkerbrune stikken en streken. De kop is wyt mei in donderbrune maskerstreek ter hichte fan de eagen. De wjukspanwiidte is sa'n 1,60 m. Foar it fangen fan fisk hat de fiskearn lange krumme klauwen, ek kin hy syn bútenste tean nei efteren bûge sadat der fisken better pakke kin.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Fiskearn komt hast oer de hiele wrâld foar. Hy briedt allinnich net yn Súd-Amearika en yn parten fan Afrika hoewol der dêr winterdeis wol hinnelûkt. Yn Europa komt der it meast foar yn it noarden en easten. Yn Nederlân is de fiskearn ek wol ris te sjen.
De Europeeske fiskearnen oerwinterje yn Afrika. The fûgels út Noard-Amearika oerwinterje yn Súd-Amearika wylst the fûgels yn Aazje en Austraalje it hiele jier op itselde plak bliuwe.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Fiskearn is hielenal spesjalisearre yn it fangen fan fisk. By it fangen fan syn proai stoart de earn him mei de poatten nei foarren yn it wetter werby der syn klauwen yn de fisk slacht. Hy kin hjirby fisken fange dy't oan't in meter under wetter swimme. At der in fisk yn syn klauwen hat lit der net maklik wer los. It komt sels foar dat fiskearnen fersûpe at se in fisk pakke wolle dy't te swier is om út it wetter te tillen.

Jonge fiskearnen op it nêst

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Fiskearnen binne net sa sinnig by it bouen fan in nêst. Meastentiids meitsje se in horst fan takken yn beammen of op in rotsrichel. Mar yn it easten fan Noard-Amearika en yn noardeast-Afrika briede se sels yn koloanjes mei nêsten op de grûn. Wol sykje se altyd in plak werwei se harren fiskwetter sjen kinne. De fûgels brûke meast itselde nêst har hiele libben lang en hâlde ek deselde partner.
It wyfke leit meast yn april 3-4 aaien. De aaien binne ongefear sa grut as hinne-aaien. Meast nei 5 wike komme de aaien út wernei de jonge fûgels sa'n acht wike nedich hawwe oan't se fleane kinne.