Finn (sylboat)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Finn
Søren Svare i Jolle.JPG
Seilteken fan {{{Namme}}}
Seilteken
Lingte 4,50 m
Breedte 1,51 m
Djipgong < 0,787 m
Gewicht 140 kg
Bemanning ienpersoans
Seiloerflak 10 m²
Untwerp Rickard Sarby
Jier 1949

De Finn is in ienmans sylboat dy't ûntstie út in priisfraach út 1949, útskreaun foar de Olympyske Spullen fan 1952 yn Helsinki, om te kommen ta in nij ienmans-boattype foar manlju. Rickard Sarby wûn. Hy neamde de boat Finnjol. Sûnt de Spullen yn 1952 wie de ienmansboat oanwêzich op alle Olympyske Spullen. In bekende Fryske siler is Pieter-Jan Postma.

De boat[bewurkje seksje | edit source]

Classic-Finn G 1141, (1970) mei moderne mêst en seil

De Olympyske Finn is in midswurdboat. De earste útfierings hienen in houten romp, letter waard dit kombinearre mei polyester. Tsjintwurdich wurde romp en dek inkel út polyester makke. De lingte is 4,50 m. en de breedte 1,51 m.

De orizjinele mêst wie fan hout, mar yn de sechtiger een santiger jierren waard meast oerstapt op aluminium, dat troch syn gruttere fleksibiliteit mear kontrole oer it seil oplevere. Tsjintwurdich hawwe de wedstryd-Finns mear en mear in koalstof mêst. It seil is meast fan Kevlar.

De syleigenskippen wurde foar in grut part bepaald troch de mêst/seil-kombinaasje en de ferschillende trimmooglikheden. Troch de ynternasjonale foarskriften foar de Finn en troch syn relatyf hege gewicht (140 kilo) giet de boot lang mei en binne de ûnderlinge ferskillen yn snelheid lyts.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: