Filips de Skiene

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Filips I fan Kastylje)
Filips de Skiene

Filips de Skiene, yn Spanje Filips I fan Kastylje neamd (Brugge, 22 july 1478 - Burgos, 25 septimber 1506), wie de soan fan Maksimiliaan fan Eastenryk en fan Marije fan Boergonje.

Filips erfde fan syn heit it grutste part fan it Hartochdom Boergonje en fan syn mem de Boergondyske Nederlannen (as Filips IV), en siet koart op de troan fan de Kroan fan Kastylje omdat er boaske wie oan keninginne Joanna fan Kastylje, dy't ek erfgenamt fan de Kroan fan Aragon wie. Filips wie de earste Habsburchske moarch yn Spanje. Hy erfde nea de fierdere gebieten dêr't syn heit oer hearske en waard ek gjin Keizer fan it Hillige Roomske Ryk omdat er earder as syn heit stoar, mar syn soan keizer Karel V slagge it om de Habsburchske, Boergondyske, Kastyljaanske en Aragoneeske besittingen te ferienigjen.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehanna fan Kastylje en Filips de Skiene hienen seis bern: