Fiktoria (Seysjellen)
| Fiktoria | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 24.970 (2002) | |
| Befolkingstichtens | 55,6/ km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Seysjellen | |
| Eilân | Mahee | |
| Oar | ||
| Koördinaten | ||
Fiktoria (ek wol Port Victoria of Mahé) is de haadstêd fan de Seysjellen en leit op de noardeastlike kant fan it eilân Mahee.[1] Likernôch in tredde fan de befolking fan de Seysjellen wennet yn Fiktoria. De stêd is stifte as residinsje fan it Britske koloniaal bestjoer.
De eksport út Fiktoria wei bestiet foar it meastepart út fanylje, kokosnuten, kokosnute-oalje, skyldpoddeskylden, sjippe en gûano.
It besjen wurdich binne:
- in klokketoer boud nei foarbyld fan de Big Ben yn Londen
- it gerjochtsgebou
- de Fiktoria botanyske tunen
- it Fiktoria Nasjonaal museum foar de skiednis
- it Fiktoria nasjonaal natuerhistoarysk museum
- de Sir Selwyn-Clarke Market
De stêd hat it nasjonaal stadion en in polytechnysk ynstitút. De binnenhaven leit fuort east fan de stêd; tonyn- en oare fiskerij en ynblikjen fan fisk hawwe grutte lokale ekonomyske betsjutting.
It fleanfjild Seychelles International Airport waard yn 1971 foltôge. In grutte brêge yn Fiktoria waard ferneatige troch de tsûnamy troch de ierdskodding yn de Yndyske Oseaan yn 2004.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Victoria (Seychelles) fan Wikimedia Commons. |