Fierdere Reformaasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Fierdere Reformaasje is de streaming yn de Griffermearde tsjerke yn Nederlân dy’t yn de 17e en 18e ieu nei foaren kaam. De streaming lei der klam op dat de reformaasje fan de tsjerke, dy’t der yn de 16e ieu west hie, ek yn it libben fan de leauwigen en yn de maatskippij ta utering hearde te kommen. Dit wie in reaksje op in bestjurre tastân en ferflakking yn de griffermearde tsjerke fan dy tiid.

As stichter fan de Fierdere Reformaasje wurdt wol wiisd nei de Middelburchske predikant Willem Teellinck, dy't yn 1608 syn reformaasjegeskrift Philopatris opdroech oan de Steaten-Generaal. Bekende fertsjintwurdigers fan dizze streaming wienen de Utertse heechlearaar Gisbertus Voetius, de Rotterdamse predikant Wilhelmus à Brakel en de Utertse predikant en dichter Jodocus van Lodenstein.

Ek yn Ingelân en Dútslân binne yn de 17e en 18e ieu fergelykbere vroomheidsbewegingen oan te wizen. Yn Ingelân hjitte sy Puriteinen, yn Dútslân wurde hja Piëtisten neamd.

[bewurkje seksje] Fertsjintwurdigers fan de Fierdere Reformaasje

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen