Springe nei ynhâld

Fersnelling (natuerkunde)

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer natuerkunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
De tangentsjele fersnelling is de ôflate fan de snelheid, en yn in punt dus de rjochtingskoëffisjint fan de reitsline oan de snelheid

Fersnelling of akseleraasje is in begryp út de natuerkunde dêr't de feroaring fan de snelheid fan in punt mei oanjûn wurdt.

Feroaring fan snelheid kin betsjutte dat in punt flugger giet, mar ek dat it stadiger giet (in negative fersnelling is in fertraging) of dat de bewegingsrjochting feroaret. Troch it wurd te letterlik te nimmen kin der dus betizing ûntstean.

De SI-ienheid fan fersnelling is meter de sekonde kwadraat. [1]

Twadde Wet fan Newton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de twadde wet fan Newton is de fersnelling fan in objekt de krêft dield troch de massa: [2]

F=ma

As de motor fan in auto in krêft levert fan 200N en de massa fan de auto is 100 kg, dan is de fersnelling fan de auto 200N/100kg=2 meter per sekonde kwadraat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.wolframalpha.com/input/?i=acceleration
  2. Sander Bais; De Natuurwetten, Amsterdam 2009