Ferkeapstyling

Ut Wikipedy

Ferkeapstyling is it ferkeap-ree meitsjen fan in produkt, benammen fan in hûs.

By it ferkeapjen fan in hûs is de presintaasje wichtich, om't in protte potinsjele keapers in seleksje meitsje op grûn fan foto’s en tekst, bygelyks op it ynternet. Ek by it besjen fan it hûs is de yndruk dy't it hûs jout fan belang. Dy yndruk hinget dan foar in part ôf fan de ynrjochting sa't de ferkeapende bewenners dy hawwe. Lytse oanpassings kinne dan sa'n yndruk feroarje. In ferkeapstylist is immen dy't him spesjalisearre hat op it meitsjen fan oanpassings om de yndruk te ferbetterjen.