Fergút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In historiëarre inisjaal "D" yn it iennichst oerlevere hânskrift fan Ferguut.

Fergút, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Ferguut (en inkeld ek wol De Ridder met het Witte Schild neamd), is in trettjinde-ieuske Arthurleginde en ridderroman yn 'e foarm fan in epysk gedicht, basearre op in earder wurk fan 'e Frânske skriuwer Willem de Klerk. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2011.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Ferguut datearret nei alle gedachten út it trêde fearn fan 'e trettjinde ieu, en is skreaun yn 'e foar it Midnederlânsk wenstige by twaen rimende fersen. It is lykwols net in oarspronklik wurk, mar in bewurking fan 'e Aldfrânske Arthurroman Roman de Fergus (of Le Chevalier au Biel Escu), dy't om 1200 hinne skreaun waard troch in Guillaume le Clerc, wat yn 'e regel fernederlânske en ferfryske wurdt ta Willem de Klerk ("de klerk" is net in efternamme mar in beropsoantsjutting). Dyselde moat trouwens net betize wurde mei Willem de Klerk fan Normandje, dat in hiel oare Aldfrânske skriuwer wie. Willem de Klerk wie in neifolger fan Chrétien fan Troyes, de earste dichter fan aventoerlike romans.

Ferguut omfettet likernôch 5600 fersen en is ien fan 'e tige minmachtige folslein oerlevere Arthurromans, sij it yn mar ien hânskrift, dat op 'e noed is fan 'e Universiteitsbibleteek Leien (ms. Ltk 191). Foar ûngefear de helte is it in lichtlik ferkoarte oersetting fan 'e Aldfrânske Roman de Fergus, mar om regel 2590 hinne begjint de anonime oersetter ynienen folle frijer mei syn boarne om te springen en feroaret de frij sekuere fertaling nochal hommels yn in frije bewurking. Sadwaande wurdt wol tocht dat der twa ûnderskate oersetters oer gear west hawwe. De haadpersoan fan 'e Roman de Fergus (en dus ek fan Ferguut) is suver wis de Fergus dy't yn 'e midden fan 'e tolfde ieu as kening oer it Súdskotske Galloway regearre.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Fergút is in boeresoan waans mem fan aadlik komôf is. Hy wurdt grutbrocht op in boerespultsje en wit neat fan ridders en aventoeren, oant er op in dei de jachtstoet fan 'e kening foarby kommen sjocht wylst er oan it ploegjen is. Neitiid wol Fergút neat leaver as ridder wurde. Mei in roastige wapenrissing naait er fan hûs út. Hy set him dêr yn 't earstoan mei foar gek troch op alderlei mêd om te knoffeljen, mar wit einlings dochs ienich ûnderrjocht te bemachtigjen. Oan it hof fan kening Arthur wurdt er troch guon ridders fan 'e Rûne Tafel fuorthúnd, mar Gawain nimt it foar him op en op dy syn pleit wurdt Fergút ta ridder slein. Hy kriget dan de opdracht om 'e Swarte Ridder te ferslaan, in tradysjonele ridderkweeste, wêrby't Fergút lykwols ûnotterdoks te wurk giet: hy makket syn fersleine tsjinstanners net dea, mar stjoert se ynstee troch nei it hof fan Arthur. Underweis oernachtet er op it kastiel Rikestins, dêr't de tsjeppe jonkfrouwe Galine fereale op him wurdt en him iepentlik besiket te ferlieden troch nachts by him op bêd te krûpen. Mar foar soks hat Fergút, dy't noch altyd syn riddersideaal neijaget, gjin tiid, dat hy wiist har ôf. Galine skammet har dêr sa oer dat se fuortflechtet.

Pas nei't Fergút yndie de Swarte Ridder ferslein hat, kringt it ta him troch hoe ferkeard oft er him foar Galine oer holden en droegen hat. Hy rekket no ek fereale op (de oantins oan) har, en beslút har te sykjen. Syn syktocht smyt lykwols neat op en Fergút rekket almar mear ferwyldere en ferfrjemdet fan minsklik selskip. Einlings en te'n lêsten moetet er in dwerch dy't him genêst en him in nije opdracht jout, ntl. om it wite skyld te sykjen. Fergút giet op 'en paad en ferslacht rôfridders en seerôvers en ek noch in espel reuzen om it wite skyld te bemachtigjen. Troch it slagjen fan syn kweeste wurdt er in ridder fan namme, mar ûnderwilens wurdt Galine troch de boaze kening Galarant ûnder druk set om mei him te trouwen. Krekt op 'e tiid komt Fergút del, dy't Galarant syn trewanten deadocht en de kening sels twingt om Arthur syn finzene te wurden. Galine har leafde foar Fergút is ûnderwilens lykwols bekuolle, en hja freget Arthur om in man foar har te sykjen. Dy lit dêrop in toernoai hâlde (de winner mei mei Galine trouwe), dat min ofte mear wûn wurdt troch Fergút (hy wegeret op 'e ein allinne tsjin Gawain te fjochtsjen). Sa wint er ta ein beslút dochs noch syn Galine. Hja trouwe en hy wurdt kening oer in grut ryk.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan Ferguut ferskynde yn 2011 ûnder de titel Fergút en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't der ek in ynformative ynlieding by skreau, en dy't him foar syn oersetting basearre op 'e werprintinge fan 'e útjefte fan 'e oarspronklike tekst troch Rombauts, De Paepe en De Haan, by útjouwerij Verloren te Hilversum, út 1994.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Guillaume le Clerc, Fergút, Ljouwert, 2011 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 41 512.
  • Rombauts, E., Paepe, N. de, Haan, M.J.M. de, (ed.), Ferguut, De Haach, 1982.