Ferbân fan Fryske Foargongers
Ut Wikipedy
It Ferbân fan Fryske Foargongers is in ferbân fan dûmnys, tsjerklike wurkers en oare gemeenteleden fan de tsjerke, dy’t foargean meie yn Frysktalige tsjinsten of yn it Frysk in tsjerklik ûnderwerp ynliede wolle. It Ferbân is yn 1953 oprjochte. It wie doe in inisjatyf fan Fryske dûmnys fan de Grifformearde Tsjerken, letter is it ek iepensteld foar dûmnys, oare foargongers en tsjerklik wurkers út alle Tsjerken. Ek stiet it iepen foar gasten en gastleden. It doel fan it Ferbân is it feroarderjen fan it Frysk yn it tsjerklik libben. Alle jierren wurde der fjouwer gearkomsten hâlden dêr't sprutsen en diskusjearre wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |