Fenusbyldsje

Ut Wikipedy
De Fenus fan Willendorf.

In Fenusbyldsje is in prehistoarysk foarwerp dat makke is troch minskehannen. It is in byldsje fan in grouwe frouspersoan, wêrfan't de heupen, stuten en boarsten yn 'e regel oerdreaun werjûn binne, wylst holle en earms en skonken faak minimalisearre binne. It grouwe liif soe swierwêzen oanjaan kinne, mar dêr binne de saakkundigen it net oer iens.

De byldsjes binne meastentiids makke fan sêft materiaal, lykas bien, ivoar of in sêfte stiensoarte (bgl. as kalkstien). Hoewol't der diskusje is oer de funksje fan de byldsjes, tinke in soad archeologen dat se brûkt waarden as fruchtberheidssymboal. It âldste Fenusbyldsje dat weromfûn is, datearret fan 36.000 jier tebek en wurdt de Fenus fan Willendorf neamd (nei it fynstplak Willendorf in der Wachau yn Eastenryk).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.