Feike Salverda

Ut Wikipedy
Feike Salverda yn 1986

Feike Salverda (Kollum, 2 augustus 1946Amsterdam, 8 maart 1996) wie in Nederlânsk sjoernalist.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salverda waard opbrocht yn Alfen oan de Ryn. Hy begûn yn 1965 as skriuwend sjoernalist foar Het Vrije Volk, mar waard fral bekend fan syn ûndersykssjoernalistike wurk by Vrij Nederland. Salverda arbeide dêr hieltyd faker op mei Lex Runderkamp. Yn 1986 stapten Salverda en Runderkamp tegearre oer naar de VPRO en makken dêr it tv-programma Gouden Bergen. Tegearre skreaune se it boek De elite zwijgt: onderzoek naar het vermogen van Nederlanders dat ek yn 1986 útbrocht waard.

Letter wurke Salverda foar de tv-stjorder TV10 fan Joop van den Ende en by RTL 4. Ek wie er mei-oprjochter en earste haadredakteur fan de Amsterdamske tv-stjoerder AT5, maar al rillegau gie er dêr wer wei. Hy waard opfolge troch Ad 's-Gravesande.

ABP en Hollandia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salverda wie in boechbyld fan de Nederlânske ûndersykssjoernalistyk. Hy wist feiten boppe tafel te krijen oer ûnder mear de "ABP-affêre", dy't úteinlik late de Parlemintêre enkête nei bousubsydzjes, en oer de relaasje tusken it famyljebedriuw fan Ruud Lubbers (Hollandia Kloos) en Koeweit.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feike Salverda krige long- en lymfeklierkanker en stoar yn maart 1996 yn de âldens fan mar op 49 jier yn in Amsterdamsk sikehûs. Hy waard beïerdige op it 2e Algemiene Begraafplak Kovelswade yn Utert.