Feepest

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gods slaandehand over Nederland, door pest-siekte onder het rund vee, 1745

Feepest is in besmetlike sykte dy yn de 18e ieu in soad foar kaam. Tusken 1713 - 1719, 1744 - 1767 en 1768 - 1786 gie de syktme yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach waarden mear as 61.000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De Boazumer predikant Eelko Alta hat hjir tige war foar dien. Yn de jierren nei de twadde feepest, fan 1744, waarden kij helle út Dútslân en Denemark. Dêrtroch feroare it fee it stadichoan fan readbûnte nei swartbûnte kij.

Ferrin[bewurkje seksje | edit source]

Kowe-each oandien troch feepest

Doe't yn 1713 de feepest om Amsterdam hinne útbruts, koften in protte Hollanners om it lân te beweidzjen skiep yn Fryslân. Mar doe bliek de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan Fryslân ferbeanen dêrom it ynfieren fan fee út Hollân en Oerisel. Ek swalkers, om't dy't faak yn it hea sliepen waarden keard, om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij waarden in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedutsen mei ûnleske kalk. Fan besmette stâlen mocht fierders ek gjin fee mear ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar kaam in swart krús te stean. Dochs besochten in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen. Foar in part wie dat út ûnwittendheid: se wisten net krekt hoe't de syktme ferspraat waard. Mar it wie ek út needsaak, troch de grutte earmoede. Earst mocht it fee net slachte wurde en ek de hûden mochten net ferhannele wurde. Doe't it letter tastien waard wie de priis fan hûden in hiel ein sakke.

Sûnt de 20e ieu wurde boeren noch wolris kompensearre foar gefolgen fan rampen, mar doe barde dat hast net. Allinnich hoegden de boeren gjin hoarnjild te beteljen foar deade bisten en betellen hja gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.

Eelko Alta[bewurkje seksje | edit source]

Eelko Alta en de Frjentsjerter heechlearraar Petrus Camper ha de situaasje fan de kij en de sykte doe wiidweidich beskreaun. Alta die proeven mei ynintsjen fan sike kij yn syn eigen stâl mar de bisten gongen dochs dea. Mar geandewei krige hy yn de gaten dat it ynintsjen fan keallen wol resultaat joech.

Pestboskjes[bewurkje seksje | edit source]

Yn it lânskip stean noch ferskate pestboskjes as stille tsjûgen yn it lân. Dêr binne soms hûnderten kij bedobbe. Ek yn de 19e ieu waard dat noch dien by feesykten as tuberkuloaze, tongblier en myltfjoer. Dizze lêste sykte kin nei hûndert jier noch besmetlik wêze.