Fedja van Huêt

Ut Wikipedy
Fedja van Huêt
akteur
Fedja van Huêt yn Overspel
Fedja van Huêt yn Overspel
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 juny 1973
berteplak De Haach
jierren aktyf 1987-no
prizen Gouden Keal
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Fedja van Huêt (De Haach, 21 juny 1973) is in Nederlânsk film- en toanielakteur. Fedja van Huêt, soan fan Leo van Huêt en Rosalind Nijholt, is ek ferneamd as Fedja Nijholt. Hy waard berne yn De Haach en wenne in stikmannich jierren yn Tiel. Nei syn stúdzje oan de toanielskoalle yn Maastricht hat er yn tsientallen films en toanielstikken spile. Op it toaniel die hy mei yn toanielstikken fan it RO-teater en Teatergroep Hollandia. Sûnt teaterseizoen 05/06 is hy fêst ferbûn oan Toanielgroep Amsterdam.

Hoewol't hy de toanielskoalle dien hat, hie it folle skild of hy wie nei de middelbere skoalle op it konservatoarium bedarre. Hy drumde nammentlik op (benei) beropsnivo.

Yn 2018 en 2020 spile er de haadrol yn de Dútske telefyzjesearje (ARD) Der Amsterdam-Krimi dy't him yn Amsterdam ôfspilet. Hy wie yn 2020 te sjen yn de film Groeten van Gerri fan Frank Lammers.

Van Huêt is troud mei Karina Smulders, sy hawwe tegearre in dochter.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(*) boekferfilming

TF (films en rigen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gastrollen yn
Studint yn Moord uit Angst (1996)
Toine Hubar yn Moord om de Moord (1997)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2001 - Gouden Kalf foar Bêste Akteur: (dûbele) haadrol yn Amnesia
  • 2006 - Gouden Kalf foar de bêste manlike byrol yn Nachtrit
  • 2007 - Gouden Kalf (spesjale sjurypriis) foar De prins en het meisje
  • 2013 - Mary Dresselhuys Priis, nominaasje foar de Louis d'Or foar de titelrol yn Macbeth by Toneelgroep Amsterdam
  • 2020 - Priis foar de bêste akteur yn de film De Veroordeling op it Seattle Film Festival.
  • 2021 - Gouden Kalf foar bêste haadrol yn in spylfilm foar syn rol as Bas Haan yn De veroordeling

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: