Falentinus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Falentinus wie grutmaster fan de kristlike gnostyk.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Falentinus waard om-ende-by it jier 100 berne yn Neder-Egypte. Hy waard wierskynlik op jonge leeftyd kristen en folge yn Aleksandrje in wittenskiplike oplieding. Letter gong er nei Rome, dêr't hy fan 135 oant 165 wurksum wie. Hast wie er biskop fan Rome wurden, mar de gemeente keas Pius de martelder as nije biskop. Falentinus is ek noch nei Syprus ferfard.

Hy wie in tige ûntwikkele man (út en thús mei Plato, de Stoa, Pilo ensafuorthinne) en tige bejeftige. Yn de wurden fan de gnosisbestrider Tertullianus: 'et ingenio et eloquio poterat': 'hy wie én geniaal én bespraakt'. Ek hie der in protte learlingen: û.o. Teodotus, Markus de Tsjoender, Ptolemaeus en Herakleon. Falentinus ferkeas de 'mytos' boppe de 'ratio'. Ta dat betinken wie er komd troch religjeuske ûnderfining. Hy hie in kear in fisioen oer in krekt berne bern. Hy frege oan dat bern: 'Wa bisto?'. It bern andere dy fraach mei: 'Ik bin de Logos'. Oan Falentinus wie, krekt as earder by de apostel Paulus op wei nei Damaskus, de ieuwige Kristus ferskynd.

Fan Falentinus sels binne Grykske tekstfragminten bewarre bleaun. Nei gedachten is it Evangeelje fan de Wierheid fan syn hân.