Fairey Swordfish

Ut Wikipedy
Fairey Swordfish


Rol Torpedobommesmiter
Makker Fairey Aviation
Earste flecht 17 april 1934
Yn tsjinst 1936
Ut tsjinst 21 maaie 1945
Tal makke 2.391 (692 by Fairey en 1.699 by Blackburn) (1936–1944)
Grutste brûkers Royal Navy, Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, Keninlike Marine fan Nederlân (om utens)
Farianten Swordfish Mk I oant Mk IV
Opfolger Fairey Barracuda
In Swordfish wurdt oan board helle fan de HMS Malaya, 1941

De Fairey Swordfish wie in Britske torpedobommesmiter út de jierren tritich, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by de Fleet Air Arm fan de Royal Navy yn gebrûk wie. Hy waard troch de bemanningen ek wol Stringbag neamd.

De Swordfish wie yn 1939 al ferâldere, mar brocht dochs in tal wapenfeiten op syn namme dy't it neamen wurdich binne, ûnder oaren de ferneatiging fan de Italjaanske Marine (Regia Marina) by de Slach fan Tarente (1940) - de earste seeslach dy't allinne mei fleantugen fierd waard - en it útskeakeljen fan it Dútske slachskip de Bismarck (1941). Hy waard fral as floatoanfalsfleantúch ynset, mar nei it ferskinen fan modernere fleantugen yn lettere jierren ek brûkt as ûnderseeboatbestrider en foar treningen. De Swordfish bleau oan it seefront yn Jeropa oant de ein fan de kriich.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swordfish Mk I fan trije kanten
Gegevens Swordfish Mk.I
Langte 10,89 m
Spanwiidte 13,86 m
Hichte 3,76 m
Oandriuwing Ien Bristol Pegasus III M3 stjermotor fan 690 hk
Heechste faasje 221 km/h op 1.525 m
Fleanberik 874 km
Bemanning 2 as 3
Tsjinstplafond 5.870 m
Gewicht leech 2.145 kg
Gewicht fol 3.419 kg
Bewapening Twa MGs kaliber .303 Britsk (7,7 mm), ien 730-kg-torpedo,
ien seemyn fan 680 kg of bommen,
(de Mk.II hie yn 't plak fan bommen acht raketten)

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Swordfish III fan RAF 119 Squadron wurdt bytankt op Maldegem, België, (1944-1945). De kûp fan de sintimetryske radar fan it fleantúch is te sjen ûnder de motor

Swordfish

Earste produksjesearje

Swordfish I

Utrist mei driuwers

Swordfish II

Fersy mei ûnderste wjukken fan metaal, sadat raketten meinommen wurde koene, yntrodusearre yn 1943.

Swordfish III

Ferzje mei radar, 1943

Swordfish IV

Lêste searjeferzje mei in tichte kabine boud foar Kanada

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]