Fairey Barracuda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fairey Barracuda Mk. II
Fairey Barracuda Mk. III, it lêste type dat noch yn WK II makke waard

De Fairey Barracuda wie in op in fleandekskip stasjonearre torpedobommesmiter en dûkbommesmiter fan de Britske Fairey Aviation Company, dy't foaral yn de Twadde Wrâldkriich brûkt is. De earste flecht fan it prototype wie op 7 desimber 1940. Earst 18 maart 1942 waard it earste searjetastel Barracuda Mk. I oan it Fleet Air Arm fan de Royal Navy levere, omdat de earste jirren fan de kriich grutter ferlet wie fan oare fleanmasine. Nei de oarloch waard de Barracuda fral noch as lesfleanmasine brûkt.

De Barracuda waard yn it foarste plak as dûkbommesmiter brûkt en yn it twadde plak as torpedobommsmiter. 42 Barracuda's fan fjouwer squadrons stsjonearre op de fleandekskippen HMS Victorious en HMS Furious dienen april 1944 in oanfal op it Dútske slachskip de Tirpitz yn it Kåfjord yn Noard-Noarwegen. Sr rekken it skip mei 15 foltreffers, mei pantsertrochboarjende 500 lbs (227 kg)- en 1000 lbs (454 kg) - bommen. Trije Barracuda's gienen by de aksje ferlern.

Ek april 1944 dienen Barracuda's fan de HMS Illustrious harren earste oanfal tsjin Japan yn de Pasifykkriich.


Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

Tekeningen fan de Barracuda Mk.II, mei al en net optearde fleugels. En profyl ek de Barracuda Mk.V. mei in Griffon-motor
Barracuda Mk. II
Feiten
Lingte    12,11 m
Hichte    4,60 m
Spanwiidte    14,98
opklapt 6,00 m
Fleugeloerflak    34,09 m²
Oandriuwing    ien 12-Zylinder-V-Motor Rolls-Royce Merlin 32 (1.223 kW/1.640 hk)
Grutste faasje    367 km/h op 535 m
Krúsfaasje    311 km/h op 1.525 m
Klimfaasje    250 m/min
Tsjinstplafond    5.060 m
Maks. fleanberik    maximal 1.101 km
Aksjeradius    790 km
Maks. fleantiid    3 oant 6,7 oeren
Leechgewicht    4.241 kg
Startgewicht    normal 6.396 kg
maks. 6.950 kg mei starthelpraketten
Bemanning    3
Bewapening    twa beweechbere 7,7-mm-MG Browning
Smytwapens    ein 735 kg torpedo of
726 kg bommen of
seis 113 kg wetterbommen of
744 kg minen

Fergelykbere typen[bewurkje seksje | edit source]

Flagge fan Grut-Brittanje GBR

→ is net fierder kaam as prototype

Flagge fan Japan JPN

→ Alliearde koadenamme: Kate
→ Alliearde koadenamme: Jill

Flagge fan de Feriene Steaten USA

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Donald, David and Lake, Jon, editors. Encyclopedia of World Military Aircraft. Londen: AIRtime Publishing, 1996. ISBN 1-880588-24-2
  • Gunston, Bill. Classic World War II Aircraft Cutaways. Londen: Osprey, 1995. ISBN 1-85532-526-8.
  • Hadley, D. Barracuda Pilot. London: Airlife Publishing, 2000. ISBN 1-84037-225-7.
  • Taylor, H.A. Fairey Aircraft Since 1915. Londen: Putnam, 1974. ISBN 0-370-00065-X

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]