Fair Isle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Fair Isle
Crofts
Westlike kliffen, dy't nei it súdwesten útsjogge op Malcolm's Head.
Trui, tradisjonele styl fan Fair Isle.

Fair Isle (fan it Ald Noarsk Frjóey) Skotsk Gaelic Eileann nan Geansaidh is in eilân út de kust fan Skotlân. It leit sa'n bytsje healwei Shetland en de Orkney-eilannen. It is it fierst bûtenút lizzende bewenne eilân fan it Feriene Keninkryk en is bekend út reden fan syn fûgelobservatoarium en syn tradysjonele styl fan breidzjen.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Fair Isle is 4.8 kilometer lang en 2.4 kilometer breed. It oerflak omfiemet 768 hektare. It is de tsiende yn grutte fan de Shetland Eilannen, dêr't it bestjoerlik ek ta heart.

De mearderheid fan de 70 bewenners wenje op it súdlik part fan it eilân yn crofts, lytse hierbuorkerijen. It noardlik diel is rotsich en begroeid met sompige heide. De westkust bestiet út kliffen oant 200 meter heech. De minske hawwe ien legere skoalle ta har foldwaan. Foar it fuortset ûnderwiis moatte de bern nei Lerwick op de Orkney's, dêr't hja yn it skoalleseizoen yn in kosthûs ûnderbrocht wurde. Kafees en restaurants binne der net. It fûgelobservatoarium hat wol akkommodaasje foar de fûgeltoeristen. De befolking is stadichoan ôfnaam fan sa'n 100 yn 1900 nei sa'n 70 yn 2008.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Fair Isle hat al sûnt de Brûnstiid bewenne west. Dat falt op, want it eilân hat praktysk gjin grûnstoffen, wol is it omjûn fan wetters mei in protte fisk.

Op 20 augustus 1588 fergiet it flaggeskip fan de Spaanske Armada, El Gran Grifón, yn de strjitte fan Stroms Heelor, dat de 300 bemanningsleden moasten seis wiken by de eilanners trochbringe. It wrak is yn 1970 ûntdutsen.

Fair Isle waard troch de National Trust for Scotland yn 1954 oankocht fan George Waterston, de stifter fan it fûgelobservatoarium.[1][2]

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Fair Isle is ferneamd troch sy breide truien, dat breidzjen is in wichtige boarne fan ynkomsten foar de froulju fan it eilânwith. De manlju binne foaral lytse hierboeren.

Sûnt 1982 wurdt twatredde fan de enerzjy troch wynturbines levere en it oare part komt fan dieselgenerators. It hat twa elekrisiteitsnetwurken neist elkoar, ien standertnet en in aparte foar elektryske ferwaarming. Dit lêste komt fan stroom wat de turbines oer hawwe en wat oers wei wurde soe. De boilers fan sawol partikulieren as fan de iepenbiere romten wurde automatysk regele neffens it ferlet fan enerzjy troch in kompjûter op ôfstân.

Op it heechste punt fan Fair Isle, Ward Hill (712 ft), boude de Royal Air Force yn de Twadde Wrâldkriich in radarstasjon, de oerbliuwsels derfan binne der noch. Fierders binne der noch flink wat brokstikken oer fan in ferûngelokke Dútske Heinkel He 111-bommesmiter.

Op 29 jannewaris 2004 krige Fair Isle de status fan Fairtrade Island.

Kommunikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Fair Isle hat twa GSM 900MHz basis stasjons eksploitearre troch Vodafone en Telefonica O2[3]

Transport[bewurkje seksje | edit source]

  • Fan Fair Isle Airport kin flein wurde nei Lerwick en Kirkwall.
  • It skip Good Shepherd IV ûnderhâldt in ferbining mei Fair Isle en Grutness.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Case Study: Wind Power on Fair Isle,National Trust for Scotland;dd 2008-05-07
  2. Nicolson, James R., 1972. Shetland, Newton Abbot; útjouwer: David & Charles, side 27
  3. Sitefinder.ofcom.org.uk reference 6840 and 6983