Faeröersk
Ut Wikipedy
It Faeröersk is in Noardgermaanske taal dy't troch 44.000 minsken op de Faeröer-eilannen praat wurdt. It is net krekt te sizzen hoefolle memmetaalsprekkers der oer de hiele wrâld binne, mar it tal wurdt tusken de 60.000 en 100.000 rûsd. It Faeröersk is mei it Deensk ien fan de twa amtstalen fan de Faeröer. It Faeröersk is nau besibbe oan it Yslânsk. It Faeröersk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, dêr't de neikommende letters oan taheakke binne: Á/á, Í/í, Ó/ó, Ú/ú, Ý/ý, Ð/ð (edh), Ø/ø en Æ/æ. De letters c, q, w, x en z wurde net brûkt. Oan it begjin fan de 19e ieu waard it Faeröersk brûkt foar de Faeröerske literatuer.