FC Boppeslach

Ut Wikipedy

FC Boppeslach wie in frouljusfuotbalploech, yn maart en april 2007 gearstald troch Jan Dolstra en Bert Hollander, yn opdracht fan Omrop Fryslân.

De oanlieding wie de ynstelling fan in beropsfrouljusfuotbalkompetysje, dy't betsjutte dat fuotbalklubs út de earedifyzje no op 'e syk moasten nei frouljusfuotbaltalint. It idee kaam doe't net dúdlik waard oft yn Fryslân Cambuur of Sportklub It Hearrenfean in alvetal foar de nije kompetysje leverje soe. De namme komt fan it doetiidske sportprogramma fan Omrop Fryslân, Boppeslach, dêr't it gearstallen fan de ploech yn folge waard. FC is de Ingelske ôfkoarting foar fuotbalklup.

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

FC Boppeslach hat 19 april 2007 op sportpark Skoatterwâld de iennichste wedstryd spile, twa kear in heal oere, tsjin twa seleksjes foar Sportklub It Hearrenfean, dy't dêrmei ek harren mooglike spysters besjen woenen. Al wienen troch persoanlike omstannichheden mar krekt genôch spilers oanwêzich om in alvetal te foarmjen, dochs hie de ploech in goed nivo fan spyljen. Oan de ein fan de wedstriid die lykwols bliken dat de ynset fan in kompleet nije ploech tsjinstanners yn de twadde helte de wedstriid te dreech makke foar de spylsters fan FC Boppeslach en hja moasten de tsjinstanners ien doelpunt tastean. Mei de útslach 0-1 einige de FC Boppeslach harren bestean mei it resultaat fan mar ien ferlieswedstriid ea.

Spylsters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nacima de Beer (AVC)
  • Atty Eelkema (Oranje Nassau Grins)
  • Brenda Eefting (FF Oerterp)
  • Sylvia van der Geest (Oranje Nassau Grins)
  • Si Shut Hau (ONS Snits)
  • Marlijn Hermans (AVC)
  • Baukje Hiemstra (Oranje Nassau Grins)
  • Geertje Hiemstra (Oranje Nassau Grins)
  • Marjan Hoeksma (Be Quick Dokkum)
  • Elisabeth Negerman (ONS Snits)
  • Cilla Ritsma (AVC)
  • Sherida Spitse (FF Snits)
  • Ruth Stienstra (AVC)
  • Janneke Vellema (Be Quick Dokkum)
  • Sharon de Vugt (ONS Snits)